Drachtster heechspringer Douwe Amels ferlit Dútslân

Heechspringer Douwe Amels fan Drachten komt werom nei Nederlân. Hy sil tenei traine by Marlies Larsen yn Zoetermeer. De ôfrûne fiif jier wenne en trainde de 28-jierrige Amels yn de Dútske stêd Leverkusen.
Douwe Amels © www.orange-pictures.nl
Amels, dy't foarsitter is fan de atletekommisje fan it Nederlânsk atletykbûn, hopet takom jier mei te dwaan oan de útstelde Olympyske Spelen yn Tokio. De Fries hat in persoanlik rekôr fan 2,28 meter, dat is twa sintimeter minder as it Nederlânsk rekôr fan Wilbert Pennings. Snein pakte Amels foar de sânde kear de nasjonale titel mei 2,06 meter.
"It wie al langer dúdlik dat de situaasje yn Leverkusen net ideaal wie", seit Amels. "Wa't my al wat langer folget, wit dat ik fan de rigoereuze karren bin. It wikseljen fan trainer in jier foar de Olympyske Spelen is fansels in risiko. Mar fan ien ding bin ik wis: as ik yn Leverkusen bliuw, benutsje ik net al myn potinsjeel. Ik wol en kin heger springe as wat ik oant no ta sjen litten ha. En troch by Marlies yn Zoetermeer te trainen, meitsje ik de kar om dêrfoar te gean."