Sechtich prosint mear meldingen fan oerlêst troch betize minsken yn sân jier tiid

31 aug 2020 - 12:00

Yn Fryslân binne yn sân jier tiid sechtich prosint mear meldingen fan oerlêst troch betize minsken by de plysje binnenkaam. Dat blykt út sifers dy't Omrop Fryslân opfrege hat. Yn 2012 registrearre de plysje goed 3000 meldingen fan oerlêst troch minsken dy't yn de war binne. Yn 2019 wiene dat der hast 5000.

Betize minsken

Ton Dhondt is bestjoerder en psychiater by GGZ Friesland. Hy seit dat de sifers neat sizze oer de taname fan it tal betize minsken. It binne allinnich de meldingen dy't makke binne. It kin ek wêze dat der in hiel soad meldingen binnen kaam binne oer deselde persoan. Mar ien ding falt him wol op. "Er is minder acceptatie van afwijkend gedrag van mensen. Dat kun je ook goed zien in het filmpje van Merel Bakker van twee jaar geleden."

Dhondt hat it oer harren kampanje fan juny 2018. De GGZ hie doe in aktrise ynhierd om oandacht te freegjen foar de reaksjes op betize minsken. Aktrise Merel Bakker spile in pear kear yn it sintrum fan de stêd in betize frou nei, dy't om har bern socht. Mei ferburgen kamera's waard filme hoe't minsken reagearren.

Psychiater Tom Dhondt oer betize minsken

GGZ Friesland - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

Lanlik sjoen folle mear meldingen

Sjoen nei de lanlike sifers falt de taname fan it tal meldingen fan oerlêst yn Fryslân ta. Lanlik sjoen is de oerlêst fan betize minsken mear as ferdûbele: fan 44.000 gefallen yn 2012 nei 99.000 yn 2019. En as de provinsjes mei elkoar ferlike wurde, dan is de oerlêst allinnich yn Seelân minder hurd omheech gong yn dy 7 jier tiid (46%).

Registrearre tal meldingen fan oerlêst troch betize minsken yn Fryslân

Jier Oantal
2012 3018
2013 3629
2014 4193
2015 4805
2016 5233
2017 4387
2018 5148
2019 4834

Wat wol opfalt, is dat der yn Fryslân op dit stuit mear oerlêst is fan betize minsken as yn de oare provinsjes yn it noarden. Yn 2019 hie Fryslân hast 5.000 registrearre gefallen, wylst yn Drinte mar 3.000 gefallen wiene. En yn 2018 wiene der yn totaal mear as 11.000 meldingen yn Noard-Nederlân, wêrfan't hast de helte út Fryslân kamen.

"Ik denk dat dit komt doordat er in Friesland meer meldingsbereidheid is. Dit komt omdat duidelijk 'verwarde' mensen hier goed in beeld zijn", seit Dhondt. Hy wol boppedat oanjaan dat der by GGZ Friesland net allinnich mar it typyske byld fan betize minsken sitte. "Wij hebben op dit moment 10.000 cliënten in behandeling in Friesland. Het grootste gedeelte zul je nooit terugvinden in een melding met overlast."

Oantal gefallen oerlêst fan betize minsken yn it noarden

2018 2019
Fryslân 5148 4834
Grinslân 3438 4535
Drinte 2738 3170
Foto: Omrop Fryslân

Wat binne de ferhalen efter dizze 'betize minsken'?

Presintator Miranda Werkman siket it út en sjocht efter de doarren fan GGZ Friesland foar de rige 'Fan binnenút, ferhalen út de GGZ wei'. Werkman praat bygelyks mei Bram, dy't twongen opnommen is yn De Flinter, de High Intensive Care-klinyk yn Frjentsjer. Bram wie doe psygoatysk en hie lêst fan waanfoarstellingen. "Ik vond het niet fijn om opgesloten te zitten, maar het was wel echt nodig", fertelt er.

De rige 'Fan binnenút, ferhalen út de GGZ wei' is fan 31 augustus ôf alle moandeis te sjen by Omrop Fryslân. Fan 17.15 oere ôf, elk heal oere yn de werhelling.

(Advertinsje)
(Advertinsje)