SC Hearrenfean hellet keeper Jan Bekkema werom

Sportklup Hearrenfean hat doelman Jan Bekkema op 'e nij fêstlein. De 24-jierrige Drachtster komt oer fan SV Straelen, dat op it fjirde nivo yn Dútslân spilet. Bekkema siet earder al by SC Hearrenfean yn de jeugdoplieding.
Jan Bekkema yn 2015, doe't er mei Hearrenfean A1 yn de bekerfinale stie © www.orange-pictures.nl
Jan Bekkema begong by SC Hearrenfean yn it ûnder 15-team. Oant en mei it seizoen 2018/2019 bleau er by de Fryske klup. Nei in útstapke yn Dútslân komt er no werom.
SC Hearrenfean woe him der graach wer by ha, omdat se noch wol in keeper brûke kinne foar in team yn de ûnder 21-kompetysje. "Met het oog daarop waren we op zoek naar een extra doelman", fertelt technysk manager Gerry Hamstra. "Jan kent de club en mag als dispensatiespeler in deze competitie spelen. Met Jan en Jaimy Kroesen hebben we twee doelmannen voor dit elftal."