Bou twadde turnhal Sportstad Heerenveen begûn: "Ideaal foar Epkes en Sannes fan de takomst"

31 aug 2020 - 09:39

Sportstad Heerenveen krijt in twadde turnhal spesjaal foar topsporters. De bou fan de nije hal op It Hearrenfean is foarige wike moandei úteinset. De hal moat foar de krystdagen klear wêze, sadat topturners harren tariedings op de Olympyske Spelen hjir dwaan kinne.

Bou turnhal Hearrenfean

Stekken oan de súdkant fan Sportstad Heerenveen litte sjen wêr't de twadde hal krekt komme sil. "De bou is foarige wike moandei úteinset", fertelt Rinse Bleeker, direkteur fan Sportstad Heerenveen. "Wy ha op dit stuit al in prachtige turnhal: de Epke Zonderland-turnhal. Hjir rinne topsport en breedtesport trochinoar hinne. Wy sitte fol. Wy kinne de minsken net mear goed kwyt. De seleksje fan it Nederlânsk team traint hjir wol 30 oeren yn de wike. Tagelyk traine der ek ferskate lokale turnferienings. Dy beiden sitte elkoar yn it paad."

Twa jier lyn waarden de plannen foar in twadde hal makke en foarlein oan de gemeente. Bleeker: "It giet ús noait hurd genôch, mar wy binne bliid dat we los kinne. De Olympyske Spelen fan Tokyo binne net trochgien en ferskood nei takom jier. As wy foar de krystdagen yn de nije hal kinne, dan ha wy noch alle tiid om ús ta te rieden op de Spelen."

De nije hal kostet 1,2 miljoen euro, dy't finansiere wurdt troch de gemeente It Hearrenfean. Sportstad Heerenveen wurdt eigener en eksploitant fan de nije hal. "It wurdt in hal dy't allinnich mar brûkt wurdt foar de topsport", fertelt Bleeker. "Dat is in ideale situaasje foar alle Epkes en Sannes fan de takomst."

Foto: Omrop Fryslân, Johanna Brinkman

Direkteur Rinse Bleeker fan Sportstad Heerenveen

Foto: Omrop Fryslân, Johanna Brinkman

De nije turnhal wurdt 30 by 54 meter en 8 meter heech. Dêrmei is de twadde hal hast like grut as de Epke Zonderland-turnhal. Njonken de klaaikeamers komme der ek medyske romtes en kantoaren yn de nije hal foar de topsporters. It terrein om de nije hal hinne sil brûkt wurde foar oare sporten, lykas klimmen, padel en suppen.

"Der is romte genôch en der binne ek partijen genôch dy't ynteresse ha", fertelt Bleeker. "Wy ha hjir in moaie sichtlokaasje oan de A32. Njonken dat wy binnen alles ha, fernimme wy dat bûtensporten hieltyd populêrder wurde. Minsken wolle mear nei bûten ta. Dy fraach sil allinnich mar grutter wurde, ferwachtsje wy."

Ferslachjouwer Johanna Brinkman sjocht by de bouwurksumheden

(Advertinsje)
(Advertinsje)