Kollum: "It ein fan de wrâld"

31 aug 2020 - 08:20

"Ferline wike wie it heger berop tsjin Ratko Mladic, de man dy't libbenslang krigen hat foar de massale moardpartijen yn Srebrenica yn 1995. In protte omtinken foar dit heger berop wie der lykwols net, want wy hienen it allegear smoardrok mei de fakânsjefoto's fan kening Willem-Alexander en de troufideo fan minister Grapperhaus. Ek hiel belangryk.

Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Nynke van der Zee

Earlik is earlik: ast my in pear moanne lyn frege hiest nei it ferhaal fan Srebrenica, dan hie ik dy dat ek net út de doeken dwaan kind. Fansels koe ik de namme en wist ik dat der wat ferskrikliks bard wie, mar wat krekt? Gjin idee. Oant ik de dokumintêre 'Srebrenica, de machteloze missie' seach. Yn dizze dokumintêre sjocht Coen Verbraak mei ferskate Dutchbatters werom op dizze missy fan 25 jier lyn. It ferhaal grypte my by de strot. Hielendal troch alle filmkes dy't der yn te sjen wienen.

Ien fan dy filmkes dy't 25 jier lyn foar in soad opskuor soarge, wie it filmke fan kommandant Thom Karremans, dy man mei de grutte wite snor. Hy wie op it filmke te sjen wylst Mladic him fernedere. Yn it hol fan de liuw besocht Karremans syn mannen te rêden, mar it seach der út as waard er as in lyts jonkje yn de hoeke setten troch de master. It waard noch slimmer doe't Mladic him nei syn duvelspreek in glês sterke drank yn 'e hannen treau om te proosten op dit goeie petear.

Hiel Nederlân dondere nei ôfrin fan de missy oer Karremans hinne. Hoe hie er himsels sa fernederje litte kinnen? Wêrom hie er net like ferme taal útslein as Mladic? Mar wat al dizze kritisy net wisten, is dat Dutchbat neat yn te bringen hie tsjin it oant de tosken ta bewapene Servyske leger. Ek Karremans net.

Noch sa'n filmke dat foar in rel soarge destiids wienen de bylden fan it grutte feest nei ôfrin fan de mislearre missy. Soldaten dy't yn polonêze achter elkoar oanrûnen mei in glês bier yn de hân, wylst noch net in wike earder tûzenen moslimmannen troch de Serviërs deasketten wienen. Hoe wie soks yn godsnamme mooglik? Yn de dokumintêre waard lykwols dúdlik dat net ien fan dy soldaten op in feestje siet te wachtsjen, mar dat se der yn meisleept waarden.

It lit sjen dat in filmke noait it folsleine ferhaal fertelt. Dat it mar fanút ien stânpunt sjen lit wat der bard is. Datst fierder sjen moatst as allinnich dizze bylden om te begripen wat de kontekst is. Mar dat is dreech, want wy meitsje graach allegear ús eigen ferhalen op basis fan wat wy sjogge. Dat dogge wy 25 jier nei Srebrenica noch altyd.

Nim de filmkes dy't makke wurde fan plysje-aginten dy't mei harren wapenstok betogers op de hûd jouwe. Elkenien dy't sa'n filmke sjocht, raast moard en brân dat it om mishanneling giet. Mar de sênes dy't hjiroan foarôf gean, dy sjogge wy noait. Twa wike lyn pas kamen der bylden nei bûten fan agressive betogers op dizze saneamde 'fredige' coronademonstraasjes. Minsken dy't folslein út harren plaat gean en plysjes oanfalle. Pas ast sa'n filmke sjochst, begrypst ek de ynset fan de wapenstok.

Wat my betreft krije alle plysjeminsken tenei in bodycam om ek dit soart bylden sjen te litten. En krekt like goed as dat elkenien alles mar op Dumpert smyt, mei ek de plysje dizze bylden gewoan iepenbier meitsje om sjen te litten hoe't sa'n 'fredige' demonstraasje der werklik oan ta giet.

Better noch soe it wêze dat elke plysjeman of -frou tenei in eigen kameraploech krijt, dy't alles presys yn byld bringt. Elkenien dy't dan noch mient in plysjeman oanfalle te moatten, komt fol op de kamera. Ek moai as der fan dy dronebylden makke wurde, lykas by 'Floortje naar het einde van de wereld'. Wat dat betreft kin dat ek wol de wurktitel fan dit kameraprojekt wurde. Want as it sa trochgiet mei al dizze agresje dan binne wy al hast oan it ein fan de wrâld."

(advertinsje)
(advertinsje)