Op wrâldreis troch Fryslân? It kin dizze winter!

31 aug 2020 - 07:26

Op wrâldreis troch Fryslân? Dat kin it kommende healjier. Moandei lansearret Merk Fryslân in kampanje op it Aldehousterstjerkhôf om op reis te gean yn ús eigen provinsje. Doel is om it toerisme yn de winterperioade yn Fryslân in ympuls te jaan, ek omdat corona minsken noch tichtby hûs hâldt.

Wraldreis yn Fryslan

Merk Fryslân docht de kampanje yn oparbeidzjen mei VVV Waterland van Friesland en ferfierder Arriva. Yn Fryslân falt neffens de dielnimmende organisaasjes hiel wat te belibjen. Dêrby kin tocht wurde oan de Aldehou, de eigen toer fan Pisa of de Sahara by de Keale Dunen yn Appelskea. "Wy kieze der foar om minsken sjen te litten dat se net de hiele wrâld oer hoege om moaie dingen te sjen", fertelt Martin Cnossen fan Merk Fryslân. "Wy ha in kwinkslach makke nei wrâldferneamde attraksjes yn Fryslân. It is tiid dat Friezen harren eigen provinsje better ûntdekke."

Eigen provinsje ûntdekke

De kampanje rjochtet him op de ynwenners fan Fryslân en it noarden fan Nederlân. Hjirby leit de fokus op koarte fakânsjes of in dei derop út. Sa wol Merk Fryslân it seizoen graach ferlingje om minsken langer op 'en paad te hâlden. Cnossen: "De maitiid wie foar ûndernnimmers hiel min. Wy wolle it seizoen langer trochlûke. Dêr ha wy dizze kampanje ek foar opset."

Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

Ek wurde de '11 fountains', de fonteinen yn alle stêden yn de provinsje, yn de kampanje belutsen. De fokus komt te lizzen op 'ûntdek ús 11 stêden', wêrby't sjoen wurdt nei in kombinaasje fan in besite oan in fontein en de stêd sels dêr't dizze fontein ynstiet.

It doel is om de saneamde kwaliteitstoerist nei Fryslân te heljen. Ferfierder Arriva sil de hiele kampanje promoatsje troch fjirtjin bussen te bestickerjen mei 'Wereldreis Friesland Style' en '11 fountains'. Dizze bussen riden fan moandei ôf troch de provinsje.

Martin Cnossen fan Merk Fryslân

Kampanjefideo Wrâldreis troch Fryslân

Trefwurden: 
Merk Fryslân wrâldreis
(Advertinsje)
(Advertinsje)