Frânsk jild rêdt drafsport yn Wolvegea: nei twa falliseminten is de baan no al tsien jier stabyl

31 aug 2020 - 07:15

Drafbaan Victoria Park yn Wolvegea bestiet 10 jier. Dat waard snein fierd mei in beskieden feest. Yn 2010 waard de baan nei in yngreven ferbouwing weriepene. It doel wie doe om in soad publyk en tophynders nei Wolvegea te heljen. Dat is goed slagge.

Foto: Omrop Fryslân

Ferslachjouwer Hayo Bootsma wie op Victoria Park

De baan yn Wolvegea wurdt sjoen as de bêste baan fan Nederlân. Der komme mear taskôgers en it prizejild is de ôfrûne jierren bot omheech gien. Dat lêste is te tankjen oan de gearwurking mei de Frânsen, seit baanmanager Ralf Dekker: "De draf- en rensport is daar veel groter. Er gaat daar veel geld in om. Wij kunnen dankzij die samenwerking hier ook beter prijzengeld uitkeren. Nu kan het lonen om hier te rijden."

Dat wie yn it ferline wol oars. Foar in fjirde plak krigen je dan 75 euro. Krekt genôch om de brânstof fan de auto foar te beteljen, seit Stefan Schoonhoven fan Nijeberkeap. Hy rydt hast alles op Wolvegea. "Dat ze met de Fransen in zee zijn gegaan is de redding geweest voor de drafsport. We zijn er echt blij mee. Het prijzengeld van toen stelde niet veel voor."

Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

De baan is foar de drafsport yn de provinsje fan grut belang, seit Schoonhoven. "Het zou echt zonde zijn als de baan zou verdwijnen. Er is al niet veel meer, alleen nog een baan in Groningen en in Alkmaar." De baan yn Grins stiet lykwols ûnder druk. De gemeente dêr wol it terrein allinnich noch mar brûke foar muzykeveneminten.

Yn Wolvegea ha se nettsjinsteande de coronakrisis alles aardich op 'e rit. "Ik had het liefst dat we hier bij iedere koers twee, drieduizend mensen hadden", seit de baanmanager. "Dat zit er nu niet in. Maar je ziet dat het online echt hartstikke goed gaat." Dekker doelt op it gokken op de races. Dat kin hiel goed fia ynternet. De races binne online ek goed te folgjen.

Dekker sjocht de takomst posityf temjitte. "We zijn begonnen toen het hier niet makkelijk was. We hebben roerige jaren meegemaakt en dan nu nog die pandemie. Maar we zijn niet begonnen om na 10 jaar op te houden. We gaan nog jaren door. Dat is zeker."

(Advertinsje)
(Advertinsje)