Stroomsteuring troch brân yn transformatorhúske yn Aldeboarn

Troch in brân yn in transformatorhúske fan Liander oan de Prikwei yn Aldeboarn, ha meardere doarpen yn de nacht fan snein op moandei in pear oeren sûnder stroom sitten. It giet om it gebiet fan Grou, Aldeboarn, Nes, De Feanhoop en Goaiïngahuzen.
© De Vries Media
De brân ûntstie om tweintich oer tsienen hinne. De brânwacht fan Akkrum hat it fjoer útmakke. Oer de oarsaak fan de brân is neat bekend. Om healwei trijen hinne hiene de minsken yn it troffen gebiet wer stroom.