Stella van Gent (PvdA) wol Twadde Keamer yn, mei trije oare Friezen

Ald-wethâlder Stella van Gent fan de gemeente Súdwest-Fryslân wol de Twadde Keamer yn foar de Partij van de Arbeid. Dat hat de Fryske ôfdieling fan de partij bekendmakke.
Stella van Gent © Omrop Fryslân
Van Gent stapte foarich jier op, neidat kollega-wethâlders it fertrouwen yn har opsein hiene. Botsende karakters en ûnderling wantrouwen yn it gemeentebestjoer wiene dêr de oarsaak, sei se letter.
Har namme stiet no op in list mei fjouwer Friezen, dy't kandidaat-kandidaatkeamerlid binne foar de PvdA. Njonken Van Gent giet it om Christa Oosterbaan, dy't riedslid is op Skylge, en fjouwer jier lyn ek kandidaat-keamerlid wie, Habtamu de Hoop, dy't riedslid is yn Súdwest-Fryslân, en as presintator wurke by Het Klokhuis, en Fardau Procee, dy't foarich jier foar de PvdA op de kandidatelist stie foar it Europeesk Parlemint.
Alle fjouwer moatte se noch prate mei de kandidaatstellingskommisje fan de PvdA.
De ferkiezingen foar de Twadde Keamer binne yn maart. De Fryske ôfdieling fan de PvdA hat de ôfrûne moannen socht nei Friezen foar op de kandidatelist. De partij soe spesifyk op syk wêze nei jong talint, froulike kandidaten en minsken dy't fanút in maatskiplike funksje de oerstap meitsje wolle nei de polityk.
Yn novimber wurdt dúdlik wa't der op de konsept-kandidatelist komt te stean. Dêr moatte de leden van de PvdA yn jannewaris noch oer stimme.