Keatskalinder fan septimber dochs noch fol: "Dit wie in grutte útdaging"

30 aug 2020 - 20:05

It keatsbûn KNKB is der dochs noch yn slagge om yn septimber in oantal haadklassepartijen foar de mannen op de kalinder te krijen. Dat wie dreech, omdat lang net alle ferieningen in wedstriid organisearje woenen, fanwege de coronakrisis.

Foto: www.orange-pictures.nl

Ferslachjouwer Hijlko Broersma yn petear mei Marco Hoekstra fan de KNKB

"Dit wie in grutte útdaging foar de KNKB", seit direkteur Marco Hoekstra. Hy is der tige wiis mei, dat it slagge is.

Der sil twa kear keatst wurde yn Frjentsjer, (ien kear yn kombinaasje mei de haadklassefroulju,) en yn Sint Anne sil in eksperimintele partij keatst wurde, mei acht yn pleats fan tsien partoeren op de list. Dizze wedstriid telt net mei foar de ranking.

De froulju meitsje har op foar de frouljus-PC, dy't ein septimber op it programma stiet. Foar dy tiid ha se noch wedstriden yn Wergea, Frjentsjer en Ljouwert.

(Advertinsje)
(Advertinsje)