Bergsma-en-dy winne keatsen yn Huzum

30 aug 2020 - 16:36

It partoer fan Marten Bergsma, Dylan Drent en Hendrik Kootstra hat de frije formaasjepartij yn Huzum wûn. Yn de finale wiene Bergsma-en-dy mei 5-4 en 6-0 te sterk foar it partoer fan Gert Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Tjisse Steenstra.

It winnende partoer - Foto: Henk Bootsma

Kening Marten Bergsma

De tredde priis wie foar it partoer fan Enno Kingma, Erwin Zijlstra, en Hessel Postma. Foar Postma wie it syn debút yn de haadklasse.

Marten Bergsma is útroppen ta kening.

By de froulju wûn it partoer fan Nynke Sijbrandij, Manon Scheepstra en Marit Zeinstra yn de finale mei 5-0 en 6-6 fan Tineke Dijkstra, Marte Altenburg en Louise Krol.

De tredde priis wie foar Ilse Tuinenga, Margriet Bakker en Sjanet Wijnia. Manon Scheepstra waard keninginne.

De winners by de froulju - Foto: Henk Bootsma

Nynke Sijbrandij

Trefwurden: 
keatsen Marten Bergsma
(Advertinsje)
(Advertinsje)