Fraksjefoarsitter FNP stapt út provinsjale polityk

Fraksjefoarstter Corlienke de Jong fan de FNP hâldt op mei de provinsjale polityk. Se jout har sit werom oan de partij. "Myn baan as dosint is net langer te kombinearjen mei de wurksumheden foar de Provinsjale Steaten fan Fryslân", seit se.
© Omrop Fryslân, Onno Falkena
De Jong hat hast seis jier fraksjefoarsitter west. Se folge Johannes Kramer op, doe't dy deputearre waard. De fraksje fan de FNP yn Provinsjale Steaten hat Sijbe Knol keazen as nije fraksjefoarsitter.
Knol kaam yn 2016 yn de ried fan Menameradiel, dêrnei Waadhoeke en is sûnt maart 2019 vice-fraksjefoarsitter yn Provinsjale Steaten. "Corlienke hat foar de FNP yn 2015 en 2019 mei oan de widze stien fan twa koälysje-perioades yn Fryslân", seit Knol. "Se hat oanjûn it te drok te hawwen mei har oare wurksumheden en dat respektearje wy."
It fraksjefoarsittersskip fielt as in grutte ferantwurdlikens, seit Knol. "De FNP is de grutste regionale partij fan it lân en hat de lêste jierren in fernijingsslach trochmakke. Ik ha der nocht oan om dy line troch te setten."
Rein van der Wal fan Surhústerfean sil nei alle gedachten it frijfallende plak fan De Jong ynnimme. Sybren Posthumus fan Reduzum wurdt vice-fraksjefoarsitter.