Under lûd applaus it fjild op: Ellen (19) fuotballet yn in manljusalvetal

Ellen Fokkema (19) is de earste frou yn de wrâld dy't fuotballet yn in manljusteam. Sneon makke se har debút yn it earste alvetal fan Foarút Menaam.
Ferslachjouwer Roelof de Vries wie der by, en makke dizze lange reportaazje.
Ynternetrepo Ellen Fokkema earste frou fuotbal Foarut
Fuotbalbûn KNVB is mei in proef begûn, wêrtroch't Ellen no as earste frou meispylje kin mei de manlju. Mei Foarút spile se al oefenwedstriden, mar sneon wie de earste offisjele wedstriid, yn it bekertoernoai, tsjin Bitgum.