Speurtocht nei eigener bibeltsje út oarlochstiid einiget yn Ljouwert

Dat coronatiid ek wolris goede dingen opsmyt, bewiist it ferhaal fan skriuwer en teätermakker Oscar Kocken. Hy hie it no oan tiid om oan de gong te gean mei in speurtocht fan syn pake. Dy socht de eigener fan in bibeltsje dat er yn oarlochstiid krige hie. Kocken kaam úteinlik yn Ljouwert út. Hy hat de 90-jierrige widdofrou fan de sochte Cornelis van Leeuwen it boekje weromjûn.
© Twitter Oscar Kocken
Oscar syn pake wurke nei de oarloch by it Reade Krús. Hy hie in bibeltsje krige fan Cornelis Marinus van Leeuwen dy't yn in kamp sitten hie. It fersyk wie it boekje takomme te litten oan syn famylje yn Nederlân. Der sieten ferskate brieven en briefkes by yn, ûnder oare in kefert mei it adres yn Ljouwert. It bibeltsje hat al dy tiid by syn beppe op souder lein.

Zoektocht van een onbekende

Kocken fûn earst út wa't de âlden fan de Cornelis Marinus wiene. Se wennen yn Woerden, mar libje net mear. Om mear bekendheid te jaan oan syn syktocht makke Oscar in webside oan 'zoektocht van een onbekende'. Hy fûn ek in brief fan in dûmny út Woerden oan wa't syn pake op syn syktocht skreaun hie. Neffens de dûmny wiene de minsken dy't syn pake socht, ferhuze nei Ljouwert.

Adres yn Ljouwert

En lit yn de bibel no krekt in brief sitte mei it adres Aert van der Neerstrjitte 26 yn Ljouwert, dy't retoer kaam is by syn pake. In trochbraak wie dat Oscar berjocht krige fan ien dy't bekend makke: de âlden fan Cornelis binne deselde minsken as de âlden fan ús mem. Bliken die dat de Van Leeuwens nei him noch trije bern krige hiene. Twa dochters binne noch yn libben.
De widdo fan Cornelis van Leeuwen yn Ljouwert © Twitter Oscar Kocken
Dy dochters wisten ek dat de widdofrou fan harren broer Cornelis noch libbe. Cornelis sels stoar yn 2010. Oscar koe de widdofrou belje, as er woe en dat hat er dien. Hy hat it bibeltsje freed werombrocht by de 90-jierrige Friezinne. "Kippenvel", fertelt er. "Ik had haar een poos geleden al gebeld en ik heb zelden met zo'n bonzend hart gewacht tot iemand de telefoon zou opnemen. Vrijdag zagen we elkaar dan in het echt. Ze was helemaal in de gloria. Ze kon alleen maar zeggen: 'Dit had Rinus moeten zien'. Gelukkig is het gelukt. Zijn wens is werkelijkheid geworden."

Teäterfoarstelling

Kocken wol fan syn ferhaal mooglik ta in teäterfoarstelling meitsje. Minsken dy't him finansjeel stypje wolle, kinne dat dwaan. De gegevens binne te finen op syn webside.
© Twitter Oscar Kocken
Oscar Kocken fertelt it ferhaal fan it bibeltsje