Auto's bedarje yn Tsjûkemar nei kop-sturt-botsing

30 aug 2020 - 07:54

By in oanriding op de A6 tusken De Lemmer en De Jouwer binne sneontejûn twa auto's de Tsjûkemar yn riden. Twa persoanen binne nei it sikehûs brocht.

Ien fan de auto's bedarre yn de reiden, de oare sonk - Foto: CAMJO media

It ûngelok barde flak om kertier oer tsienen flakby it rêstplak De Lanen op in eilantsje yn de mar. De auto's hiene dêr in kop-sturt-botsing. De iene auto is sonken, de oare bedarre yn de reiden oan de wâlskant. Helptsjinsten hawwe de bestjoerders út de auto helle. Mear persoanen sieten der ek net yn. De bestjoerders binne mei ûnbekende ferwûnings oerbrocht nei it sikehûs.

Trefwurden: 
ûngelok A6 Tsjûkemar
(Advertinsje)
(Advertinsje)