FIDEO: Fryske jongerein superieur op NK Fierljeppen

29 aug 2020 - 23:42

Yn alle fjouwer klassen op it NK foar jongerein ha Fryske ljeppers de prizen pakt. Troch de rein koene der gjin finales sprongen wurde yn Kockengen, mar alle ljeppers koene wol trije kear springe.

Sjoch hjir nei in oersjoch fan de fierste sprongen:

By de jongens fan 11 en 12 jier wie Sietse Lefferts superieur. Hy komt fan Bûtenpost. Syn fierste sprong wie 11.70 meter, dat is in nij nasjonaal leeftiidsrekôr. Mar ek syn twadde en tredde sprong wiene fierder as de bêste fan de nûmer twa: Riemer Zijlstra fan Easthim.

By de jonges oant en mei 10 jier wie Jorrit Bouwstra fan Reduzum de bêste, mei 10.66 meter. Ek dat is in nasjonaal leeftiidsrekôr. Syn suster Sanne Bouwstra wûn by de famkes fan 11 en 12 jier, mei in sprong fan 10.28 meter.

By de famkes oant en mei 10 jier wûn Vienne van der Knaap út Drylts. Se sprong 8.89 meter.

Der diene ek Hollanners mei oan it toernoai.

Trefwurden: 
fierljeppen NK
(advertinsje)
(advertinsje)