Buro de Vries: Topmusikus Femke IJlstra wol net foar neat spylje

29 aug 2020 - 21:36

De coronakrisis lûkt djippe spoaren, ek yn de kulturele wrâld. In aspekt dat grif oan 'e oarder komt as Femke IJlstra (38) snein simmergast is by Buro de Vries. Femke is as top-saksofonist ferbûn oan tal fan grutte orkesten.

Foto: Hans van Egdom

Femke spilet ûnder oare by it Koninklijk Concergebouworkest, it Radio Filharmonisch Orkest en it Tonhalle Orchester Zürich. Dêrnjonken is se as soloïst op 'en paad mei pianiste Celia Garcìa-García en spilet se yn it Syrène Saxophone Quartet, dat se sels oprjochte.

Foar muzykprofessionals binne it drege tiden, no't konsertsealen leech bliuwe en oardel meter ôfstân de noarm is. En hoe stiet it mei de aksje dy't Femke begûn om net langer fergees te spyljen op lunsj-konserten yn grutte sealen? Se kaam dêr lanlik mei yn it nijs doe't se it noch langer ferpofte om foar nul sinten op te treden, wylst lûdsminsken en kofjeskinkers wol betelle waarden.

Op dit stuit wennet se yn Haarlem, mar hoe bot lokt it heitelân? Of hat in musikus yn Fryslân alhiel gjin takomstperspektyf?

Snein tusken 12 en 13 oere is Femke IJlstra live te hearren oer dizze en oare saken yn it radioprogramma Buro de Vries.

(Advertinsje)
(Advertinsje)