Manon Kamminga pakt Nederlânske skeelertitel op sirkwy fan Zandvoort, brûns foar Jorrit Bergsma
Manon Kamminga fan It Hearrenfean hat sneontemiddei de Nederlânske titel yn it maraton-skeeleren wûn op it sirkwy fan Zandvoort. De Friezinne wie yn de sprint rapper as Beau Wagemaker en Elsemieke van Maaren.
Mei noch fjouwer fan de tsien rondes op it wiete sirkwy te gean, kamen 17 froulju op kop. Kamminga, Wagemaker, Van Maaren, Fleur Veen en Gerline Crediet seagen kâns om dêr wer út fuort te kommen en hienen mei noch in ronde te gean in lytse foarsprong.
It kaam yn dy lêste ronde úteinlik oan op in einsprint, dêr't Kamminga mei oermacht de sterkste yn wie. Dêrmei pakte se foar de fjirde kear de titel by de froulju.
Jorrit Bergsma
By de manlju gie de titel nei Jordy Harink. In oerwinning mei in Frysk tintsje, want de rider út Zaltbommel rydt yn de ploech fan Jillert Anema: Royal A-ware.
Harink slagge der yn om tegearre mei Ruben Ligtenberg fuort te kommen by in kopgroep, dêr't ek Jorrit Bergsma diel fan útmakke.
Yn de sprint wie Ligtenberg de minste, mar hy waard dêrmei wol ferrassend twadde. Favoryt Bergsma wie yn de sprint om it tredde plak úteinlik 'the best of the rest'.
Sjoch hjirûnder nei de reaksjes fan Manon Kamminga en Jorrit Bergsma.