Seewier-eksperimint docht it goed: 170 bunder grut seewierfjild by Gryn fûn

29 aug 2020 - 12:40

Eastlik fan Gryn is in eksperimint om seewier ('zeegras') werom te krijen yn it Waadgebiet op in bysûndere wize út de hân rûn. Mei 170 bunder leit dêr no it grutste seewiergebiet fan it Nederlânske Waad.

Wy hawwe al aardich wat kilometers kuiere oer de ûndjipten oan de eastkant fan Gryn as wy de earste plukken seewier tsjinkomme. De Wierskuorre fan Skylge hat syn namme oan dizze plant te tankjen dy't yn it Nederlânsk 'groot zeegras' hjit.

Al jierren besykje wittenskippers seewier werom te krijen yn it Waad en dit jier hiene sy in trochbraak. De planten fersprate harren bûten de proefflakken. Fan 't maitiid groeide it gebiet mei seewier nei 100 bunder. It is no 170 bunder grut wurden. Dêrmei is it mei sa'n 100.000 planten it grutste fjild fan it Nederlânske Waad.

In proefflak mei in soad seewier (zeegras) - Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

It hiele eksperimint draait om it finen fan in metoade om it seewier wer grutskalich werom te krijen op it Waad. Dy metoade is noch net hielendal klear, mar dat sy op it goede paad binne, is no wol dúdlik, sjocht ûndersiker Laura Govers fan de Rijksuniversiteit Groningen dy't de wittenskiplike kant fan it projekt koördinearret: "Het veld breidt zich nu uit. Ook buiten onze proefplotjes. En dat is een fantastische ontwikkeling. We willen nu kijken of het zich nu ook zelf in stand kan houden zonder dat we extra inzaaien. De helft van de planten staat nu nog in onze proefvlakken."

Biodiversiteit

Der wurdt no bygelyks sjoen yn hoefolle tichtheden oft je in sied plantsje moatte. Je sjogge no wol op plakken dêr't minder sied byelkoar set is, dat de planten grutter wurde. It seewier weromkrije is net in doel op himsels.

De planten helpe it Waad ek wer, seit Govers: "Het zeegras kan de biodiversiteit vergroten. Wat we zien is dat er heel veel aliekruikjes in zitten. Dat zijn kleine slakjes en die grazen op de kleine algen op het zeegrasblad groeien. Er zwemmen al vlokreeftjes tussen de bladeren omdat die bladeren water vasthouden op een anders droge Wadplaat. En garnaaltjes. Die blijven hangen in de poeltjes waar zeegras staat. We hebben dat deze week gemeten."

Seewier (zeegras) yn it Waad by Gryn - Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

Seewier is der sawol yn in lytse as in grutte fariant. Beide binne foar it grutste part ferdwûn út Waad nei de oanlis fan de Ofslútdyk; der kaam sykte yn.

Yn it Dútske en Deenske Waad is it noch wol te finen. Benammen út it Dútske Waad is it sied helle om mei te eksperimintearjen by Gryn. Op Skylge stiet noch in saneamde 'wierskuorre' dy't brûkt waard om it wier te drûgjen. Dêrnei koe it brûkt wurde as folling foar matrassen en kessens.

Mar it seewier hie ek in wichtige funksje foar de natuer. Der libbe in soad lyts guod yn en soarge derfoar dat lytse fisken grut wurde koenen. Fierders holp it Gryn om net tefolle ôf te slaan. De golven waarden dimpt en seewier dat loslein wie, soarge foar in râne by it eilân dy't ek wer holp it te beskermjen tsjin stoarmen.

Laura Govers fan de Ryksuniversiteit Grins. Sy is de wittenskipper dy't al jierren dwaande is mei dit en oar ûndersyk op en by Gryn - Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

It projekt rint noch in jier. Yn dat jier wolle de ûndersikers de 'plotjes' dy't ynsiedde wurde, grutter meitsje. "Ook om ervoor te zorgen dat er hier een grote kern is die verder uit kan breiden", seit Govers. "Dat zou ideaal zijn en dat zouden we graag willen. Sowieso loopt de stroming van west naar oost. Dus het zal zich niet verder uitzaaien naar het Westwad, maar misschien wel naar het Oostwad." Mar der stiet mear op it winskelistje.

"Klein zeegras"

"Wat de we ook graag willen hier, is klein zeegras. Groot zeegras is éénjarig. Dus dat verdwijnt elke winter ook weer. Dus het houdt heel veel slib vast, maar in de winter laat het dat weer los omdat de planten afsterven. Als je veel klein zeegras hebt kunnen de Wadplaten ook meer slib invangen en zijn ze beter bestand tegen zeespiegelstijging. Dat is een langetermijneffect." Op guon plakken by Gryn groeit it no ek al.

Projektlieder Quirin Smeele fan Natuurmonumenten - Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

Opdrachtjouwer Natuurmonumenten is bliid mei de ûntwikkelings by Gryn, sa seit projektlieder Quirin Smeele: "Wat hier ligt aan zeegrasveld is eigenlijk onverwacht. We zijn dit project begonnen om erachter te komen hoe je zeegrasvelden aan de praat krijgt en dat dat zo lukt dat je hier gewoon een zeegrasveld van 170 hectare hebt gerealiseerd, is wel fantastisch. We zijn eigenlijk ook een beetje trots dat dit kan zo in Nederland. Want als je dit soort zeegrasvelden wil zien, moet je naar Duitsland of Denemarken."

(advertinsje)
(advertinsje)