FNP Achtkarspelen wol opheldering oer ûnrêst bistemishanneling Bûtenpost

De FNP Achtkarspelen hat skriftlike fragen steld oan it kolleezje oer it bistedrama dizze wike op it Nordwin College yn Bûtenpost.
Mishannele geiten yn Bûtenpost © Omrop Fryslân, Gerrit de Boer
Op de skoalle waarden snein meardere bisten mishannele en deaslein. Yn de rin fan de wike hat de plysje dêr trije minderjierrigen foar oanhâlden.

"Bedrigings en fernielings"

De FNP freget ûnder oare oft it kolleezje op de hichte is fan it feit dat de died net op himsels stiet, mar dat der mear problemen binne yn de wyk. Sa soene der neffens de FNP ferskate bedrigings plakfine en wurde eigendommen fan minsken fernield. De spanning yn de wyk soe ekstreme foarmen oannimme.

Petear mei de buert

Boargemaster Oebele Brouwer lit yn in reaksje witte dat er de fragen fan de FNP noch net sjoen hat. Wol hat Brouwer fan sneontemiddei in petear mei in delegaasje fan de buert om it Nordwin College hinne. Mar hy wol dêr nei ôfrin neat oer kwyt. Hy fynt dat is in saak is tusken de gemeente en de buert.