Omrop TIP: Dit is ús taal

29 aug 2020 - 10:52

De Fryske taal is yn beweging. Mei de komst fan sosjale media wurdt der mear Frysk skreaun, jongeren diele Frysktalige memes en de band De Hûnekop is populêr by in grut publyk. Miranda Werkman ûndersiket yn de Fryslân DOK 'Dit is ús taal' wat it effekt dêrfan is op de Fryske taalbelibbing.

Okee

Lysbeth Jongbloed-Faber hat foar de Fryske Akademy ûndersyk dien nei hoe't jongeren Frysk brûke. Dêrby seach sy ek nei de ynfloed fan de band De Hûnekop op de taalbelibbing en it identiteitsgefoel fan de fans. Lysbeth: "De Hûnekop lit sjen dat it okee is om Frysk te wêzen, en dat jo net ûnderdogge foar de Rânestêd."

De Hûnekop - Foto: Omrop Fryslân

Monsterachtig

"Ien twa trije, sil ik dy snije. Ik hie noait tocht dat se dat by Omrop Fryslân draaie soene," seit frontman Emiel Stoffers fan De Hûnekop. Dat syn nije album 'Monsterachtig' gjin geef Frysk is, ynteressearret Emiel net: "Dat is net myn taak. Mar it is wol 'fucking cool' om Frysk te praten."


Undersiker Lysbeth sjocht folop kânsen foar it Frysk. Want troch de sosjale media wurdt it Frysk foaral fan ûnderop brûkt, en better kinst it net krije, seit se. "In taal dy't digitaal brûkt wurdt, stjert gjin dea."

Emiel Stoffers - Foto: Omrop Fryslân

Frijer bewege

Miranda Werkman ynterviewt ek Bert Looper, direkteur fan Tresoar. Neffens him moatte Tresoar, Omrop Fryslân en de Fryske Akademy folle frijer bewege yn de nije multymediale en kulturele kontekst. De ynstituten moatte net tinke fanút de ferdigening (fan it Frysk) of út benaudens wei. Tagelyk is der ek altyd spanning tusken selsrjochtfeardiging en selsbewustwêzen, tinkt Looper.

Dit is ús taal - whatsappe yn it Frysk - Foto: Omrop Fryslân

De Fryslân DOK 'Dit is ús taal' is sneon 29 augustus by NPO2 te sjen om 15.30 oere (werhelling 30 augustus 13.10 oere). Omrop Fryslân stjoert de dokumintêre út op snein 30 augustus om 17.00 oere en dêrnei op alle oeren.

'Dit is ús taal' is earder útstjoerd op 15 en 16 septimber 2019.

(Advertinsje)
(Advertinsje)