Kollum: "Keapje in boek!"

29 aug 2020 - 08:50

"Der sil dit jier net sutele wurde mei Fryske boeken. It is it safolste dat dit jier net trochgiet. Gjin silen, gjin folle tribunes by konkoersen, gjin iepenloftspullen, gjin normaal doarpslibben. Want by it normale doarpslibben heart ek de repetysje fan it koar, it doarpsfeest mei in feesttinte, gewoan nei de preek kinne, de kaartklup en wit ik wat net mear. We moatte der net al te dramatysk oer dwaan, mar der bart wol in hiele soad yn de ynfrastruktuer fan wat wy oant ein 2019 gewoan fûnen. En dat sil ek noch wol even trochgean.

Ferdinand de Jong - Foto: Omrop Fryslân

De toan fan Ferdinand de Jong

It meast alarmearjend fûn ik it berjocht dat immen foar de twadde kear siik wurden is troch dy aaklike gryp. Dat betsjut dat it ljocht oan de ein fan de tunnel ynienen wer folle flauwer wurdt. Ik ha sterk de yndruk dat noch altyd nimmen krekt wit wat se no eins op de langere termyn dwaan kinne as moatte. Elts skipperet mar wat op syn of har eigen wize, fan langjierrige struktuer is totaal gjin sprake. Hjir wol in kapke foar, tsien meter fierderop hoecht it net mear en we witte net iens 100% seker dat it überhaupt helpt. Minsken begjinne opelkoar yn te slaan as ien net in kapke brûkt, de ûnmacht fan dat alles wurdt troch omstanners dan wer filme en sa kinne we mei ús allen tsjûge wêze fan de grutte algemiene disoarder dêr't we dit jier yn bedarre binne.

Hoe lang kinne we dizze wize fan libjen folhâlde? Nei oerlis ha we bygelyks beslute moatten dat we dit jier net sutelje. Dat is in dreech beslút, want de sutelaksje begûn stadich wer mear hannen en fuotten te krijen. De measte ferienings dy't meidiene, woene dat ek in oar jier wer. In gesellich barren dat ek noch wat jild opsmyt foar de klupkas. Ek foar ús as koördinatoaren wie it hast alle kearen in feest. Wy komme op plakken dêr't je gewoanwei nea komme, je kinne der nei al dy jierren wol in boek oer skriuwe, om samar te sizzen. Mar dochs fûnen we it risiko te grut. As je yn in wike of fjouwer yn acht ferskillende doarpen komme en dêr doar-oan-doar by alle minsken delgean, is de kâns oanwêzich dat je oan fersprieding dogge. Foar itselde giet it goed, mar je wolle gewoan it risiko net rinne. Dus mei pine yn it hert in jier suteljen nei de barbysjes. Jierren fan opbouwen, we moatte mar ôfwachtsje wat derfan oerbliuwt.

Dat is skande foar de ferienings, mar ek foar de útjouwers, dy't dochs al net ryk wurde fan Fryske útjeften. It is ek skande foar de skriuwers, dy't soms trouwens amper yn de gaten ha dat der minsken binne dy't harren wurk besykje oan de man/frou te bringen, mar dat is in oar ferhaal. Dêr soenen we ek noch wol in hiel skoft kollums oer folskriuwe kinne, mar dat lit ik graach oan de kollega's oer.

Der sil no socht wurde nei alternative wizen om dochs dy boeken yn ús memmetaal ergens sichtber foar it publyk del te setten. Tink dêrby oan displays yn winkels of sokssawat. We dogge wat we kinne yn it nije normaal, dat wat my oanbelanget gau wer ta it ferline hearre sil. Der driget op in soad mêd earmoed te ûntstean en dan ha ik it net oer jild. Sosjaal, emosjonele earmoed. Iensumens. Dus as je ergens in rek mei Fryske boeken sjogge, keapje dan ien. It is lokkich noch net ferbean om josels lekker te ferliezen yn in moai boek. Sterker, dan is dy oardel meter in útkomst, want dan kinne je rêstich trochlêze."

(advertinsje)
(advertinsje)