Cambuur pakt earste trije punten fan nij seizoen mei fertsjinne 2-0 oerwinning

28 aug 2020 - 23:36

SC Cambuur is freedtejûn mei in fertsjinne 2-0 oerwinning oan it nije seizoen begûn. Yn it Cambuur-stadion yn Ljouwert wiene twa deade spulmominten genôch om NEC mei nul punten werom te stjoeren nei Nijmegen. Oanfierder Sven Nieuwpoort en spits Robert Mühren soargen foar de twa goals fan de Ljouwerters.

Sven Nieuwpoort

Cambuur dominant, mar net trochtaastend

SC Cambuur wie de earste helte wol dominant, mar koe net echt in stimpel op 'e wedstriid drukke. It wie in helte fan krekt net: de lêste pass wie net skerp genôch en kaam faak net oan. Der wiene wol in oantal hoekskoppen foar Cambuur, mar út de measte corners kaam net in soad gefaar foar de goal fan keeper Alblas fan NEC.

Troch sawol Kallon as Antonia, dy't meardere kearen wikselen fan kant, waarden in soad foarsetten jûn. Dêrfan kamen der net in soad oan, of der siet meardere kearen in ferdigener fan NEC tusken.

Grutste kânsen

Linkerfleugelferdigener Jasper ter Heide makke nei sa'n tsien minuten in oertrêding oan de linkerkant fan it fjild. Middenfjilder Jordy Bruijn fan NEC, krige de grutste kâns út in frije traap fan de rjochterkant ôf. Fia keeper Sonny Stevens fan SC Cambuur gie de bal fia de latte oer de goal.

Foto: Orange Pictures

Ek bûtenspiler Jarchinio Antonia krige nei 38 minuten in grutte mooglikheid om de ympasse te brekken, mar liet dat ek nei. De bal kaam foar út in hoekskop fan Hoedemakers, keeper Alblas fan NEC siet hielendal mis, mar Antonia rekke de bal net sa't hy woe, wêrtroch't dy oer de goal gie.

Fjoerwurkshow

Yn it skoft liet in groep supporters him hearre fan bûten it stadion. Mei in soad fjoerwurk waarden de spilers 'wekker skodde'.

Henk de Jong

De fjoerwurkshow bûten it stadion gie noch in pear minuten yn de twadde helte troch, mar ek de fuotballers oan beide kanten liken wat mear wekker te wurden. Yn de 49e minút naam Robin Maulun in hoekskop en dy waard mei help fan in prachtige sweefdûk 'ynkopt' troch ferdigener Sven Nieuwpoort. Dêrtroch kaam de stân op 1-0. Nieuwpoort rekke de bal mei de hân en sloech sa de Ljouwerters op foarsprong, syn earste goal foar SC Cambuur.

NEC wat sterker

Nei de 1-0 troch Nieuwpoort kaam NEC wat mear yn syn fuotbalspul en begûn mear oanfallend te spyljen, mar ta echt grutte kânsen kaam it net. Jordy Bruijn besocht noch in penalty te fersulverjen, mar hy foel as in 'stervende zwaan' en dêr trape skiedsrjochter Rob Dieperink net yn. Ut in oare counteroanfal krige NEC ek noch in kâns, mar de ferdigening fan Cambuur krige de bal op 'e nij ûnder kontrôle.

Foto: Orange Pictures

Spits Robert Mühren joech nei 74 minuten in lange bal op Issa Kallon, hy dribbele de 16-meter yn en waard troch Van Rooij ûnderút helle. Dieperink fluite foar de oertrêding en der kaam in penalty foar Cambuur. Mühren pakte de bal op, rûn oan en skeat de bal strak yn de linkerhoeke. Dêrmei makke de topskoarer fan it foarige seizoen syn earste goal fan dit seizoen.

Stân bliuwt yn foardiel fan Cambuur

De Ljouwerters smieten nei de twadde goal de wedstriid yn it slot en koene de wedstriid maklik útspylje. De trainers fan beide ploegen ha noch in oantal wiksels dien, mar echt grutte kânsen kamen der yn de einfaze fan it duel net mear. Sa pakte Cambuur op saaklike wize, de earste trije punten fan it seizoen 2020/2021.

SC Cambuur - NEC Nijmegen: (0-0) 2-0, 50' Sven Nieuwpoort 1-0, 75' Robert Mühren 2-0 (Str.)

Opstelling SC Cambuur: Stevens; Schmidt, Mac-Intosch, Nieuwpoort, ter Heide; Jacobs (84. Breij), Maulun (84. Oratmangoen), Hoedemakers; Kallon (75. Korte), Mühren, Antonia (88. Paulissen).

(Advertinsje)
(Advertinsje)