Sjongeres Kovacs makket liet ynspirearre troch kostúm Mata Hari

De Nederlânske sjongeres Sharon Kovacs hat in nûmer makke dat ynspirearre is op it dûnskostúm fan Mata Hari yn it Fries Museum yn Ljouwert. It liet mei de titel 'Mata Hari' is freed útbrocht en te belústerjen op ûnder oare Spotify en YouTube.
Mata Hari © Fries Museum
It nûmer is it startskot foar de fiifde edysje fan it projekt Art Rocks wêrby't muzikanten útdage wurde om in liet te skriuwen dat ynspirearre is troch in keunstwurk yn de kolleksjes fan fyftjin Nederlânske musea.
Der is ek in wedstriid oan ferbûn mei in finale yn maart 2021 yn de Amsterdamske popseal Paradiso. Elkenien fan fjirtjin jier en âlder kin der oan meidwaan. De winner krijt in jildpriis fan 1000 euro. Op 13 septimber is der yn it Fries Museum in masterclas songwriting foar minsken dy't oan de muzykkompetysje meidwaan wolle.

Fassinaasje foar Mata Hari

Kovacs, dy't yn 2014 bekend waard yn binnen- en bûtenlân mei it nûmer 'My Love', keas dus foar it museumstik fan de Fryske spionne dat yn Ljouwert te besjen is. "Mata Hari fascineert mij buitengewoon door het mysterie dat haar omringt en haar tragische einde. Al met al de juiste ingrediënten voor een boeiende soundtrack."
Harkje hjirûnder nei it nûmer 'Mata Hari' fan Kovacs: