Boeren ha lêst fan luzen yn sûkerbiten troch ferbod op bestridingsmiddel

28 aug 2020 - 21:56

Lânbouboeren ha in soad lêst fan luzen yn de sûkerbiten. Hjirtroch rint de groei fan de biten fertraging op en dat is min foar de sûkeropbringst. De luzen kinne harren slach slaan, omdat de Europeeske Uny in bestridingsmiddel ferbean hat dat skealik achte wurdt foar bijen. De lânbou-organisaasje LTO wol foar de bitetylt no in ûntheffing foar dit ferbod op saneamde neonicotinoïden.

Sûkerbiten - Foto: Shutterstock.com

Neffens bestjoerslid Tineke de Vries fan LTO Noord moatte de boeren tsjintwurdich spuitsje tsjin de luzen. "Dat deden we anders nooit. Doen we nou wel om de schade binnen de perken te houden. De gevolgen voor het milieu zijn erger, we worden op kosten gejaagd en zijn altijd onderweg met de spuit. Dus de winst is negatief."

Troch it gebrûk fan de luzemiddels wurde ek nuttige ynsekten deamakke. It middel dat de EU ferbean hat, hat neidielige effekten foar bloeiende gewaaksen en bijen. "Maar bieten bloeien niet en er komen dus ook geen bijen op af", seit De Vries. "Dus het middel is erger dan de kwaal."

Yn de EU binne der fan de njoggentjin lannen dy't sûkerbiten ferbouwe, tolve dy't yntusken wol in ûntheffing jûn ha, sa seit De Vries. Foar in ûntheffing yn Nederlân moatte de boeren oanklopje by minister Carola Schouten fan Lânbou, mar De Vries hat har twivels oft de minister dêryn meigiet en dat soarget neffens de LTO foar in ûngelikense situaasje yn Europa.

Bestjoerslid Tineke de Vries fan LTO Noord

Trefwurden: 
lânbou LTO Noord sûkerbiten
(advertinsje)
(advertinsje)