Boechbyld Kees Koudstaal fan Wâldrock en Kiehool yn Burgum nimt ôfskied

Kees Koudstaal nimt nei 36 jier ôfskied fan it Sosjaal Kultureel Wurk yn Burgum. Koudstaal wie ien fan de oprjochters fan it ferneamde metalfestival Wâldrock en it boechbyld fan kultureel sintrum Kiehool yn Burgum. Koudstaal giet mei pensjoen.
Kees Koudstaal (r) krige blommen op syn lêste wurkdei út hannen fan vice-foarsitter Teake Vaartjes fan Stichting Sociaal Cultureel Werk Burgum © Eigen foto
Koudstaal kaam yn 1984 as Amsterdammer tusken de Wâldpiken te wurkjen by Kiehool, dat doe noch net sa lang yn de buorkerij oan de Skoalstrjitte siet. It sintrum waard yn de jierren 80 hieltyd populêrder ûnder jongeren. Der kamen ek mear konserten en dêrút ûntstie úteinlik Wâldrock. Earst in popfestival, mar letter feroare yn in metalfestival. Wâldrock waard dêrmei in ferneamd begryp yn binnen- en bûtenlân.
Under lieding fan Koudstaal feroare Kiehool yn de rin fan de tiid fan jongerensintrum nei in plak dêr't folle mear doelgroepen terjochte kinne, bygelyks minsken mei in ferstanlike beheining. It sintrum hat drege jierren hân en yn 'e clinch lein mei de oerkoepeljende organisaasje, mar kaam úteinlik dochs ûnder ien dak mei oare organisaasjes yn Glinstra State yn Burgum.
Op sneon 12 septimber is der in ôfskiedsresepsje foar Koudstaal yn Glinstra State. Syn funksje wurdt oernommen troch Rinske Kootstra.