GGD: "Teststrjitten Fryslân en Grinslân kommende dagen fol"

De GGD Fryslân hat de kommende twa dagen hielendal gjin plak mear foar minsken dy't in coronatest dwaan litte wolle. Dat meldt de lanlike GGD GHOR-organisaasje. Net allinne yn Fryslân sitte de testlokaasjes hielendal fol, dat jildt ek foar Flevolân, Grinslân en de regio's Kennemerland en Hollands Midden.
De testlokaasje fan de GGD Fryslân yn Drachten © Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
Neffens de GGD's is der wol genôch personiel, mar hat it ministearje harren frege om foarearst net op te skalen. De laboratoaria kinne it wurk net oan troch in tekoart oan testmateriaal.