Hearrenfean: Chidera Ejuke nei Ruslân, Hicham Faik nei Saûdy-Arabië

28 aug 2020 - 19:13

Chidera Ejuke ferruilet SC Hearrenfean nei ien seizoen foar CSKA Moskou. 'Chiddy' tekenet in kontrakt fan fjouwer jier by de Russyske subtopper. Ek Hicham Faik ferlit de Fryske klup. De oanfierder fan foarich seizoen giet nei Al-Faisaly yn Saûdy-Arabië.

Oer de transfersommen is neat bekend makke, mar foar Ejuke krijt SC Hearrenfean tusken de tolve en fjirtjin miljoen euro.

Ejuke makke ôfrûne seizoen njoggen goals en joech fjouwer assists. In jier lyn nam Hearrenfean Ejuke oer fan it Noarske Vålerenga. Der giene al de hiele wike geroften oer de transfer fan de Nigeriaanske dribbeler, mar dy binne no dus befêstige.

Ek fan Faik is al langer bekend dat er yn petear wie mei in oare klup. Hearrenfean naam him in jier lyn oer fan it Belgyske Zulte Waregem. It ôfrûne seizoen spile er tritich wedstriden, wêryn't er fjouwer kear skoarde. Hy tekenet foar twa jier by Al-Faisaly.

Hicham Faik - Foto: www.orange-pictures.nl
(Advertinsje)
(Advertinsje)