Fakbûnen posityf oer nij coronastipepakket: "Der is in protte jild beskikber"

It kabinet lûkt 11 miljard euro út foar in nij coronastipepakket. De ôfrûne dagen waard hjiroer al in akkoart berikt mei de wurkjouwers en de fakbûnen. It pakket rint oant july takom jier. De fakbûnen binne posityf oer it nije stipepakket. Foarsitter Piet Fortuin fan it CNV: "De drompel is net ferhege en der is in protte jild beskikber. Mear as in miljard foar 'scholing' en dat is hiel belangryk."
Coronastipepakket
Dit tredde stipepakket duorret njoggen moannen, yn blokjes fan trije moannen, en dat is langer as de twa eardere stipepakketten. Dêrmei wol it kabinet ûndernimmers mear wissichheid jaan.
Der komt in miljard om minsken oan nij wurk te helpen troch bygelyks 'om- en bijscholing'. Neffens Fortuin sil dat net maklik wêze. "Dêr leit in grutte útdaging en dat sil net foar elkenien slagje."
© Shutterstock
Ek wurdt der nochris 1,5 miljard euro útlutsen om ynvestearringen nei foaren te heljen. Fierders wurdt der 300 miljoen reservearre om eventueel dielnimme te kinnen oan in privaat fûns dêr't (middel)grutte bedriuwen holpen wurde om harren eigen fermogen te fersterkjen.
Dêrneist is der 150 miljoen om lokale en regionale ekonomyen te stimulearjen. Op fiskaal gebiet wurde ûndernimmers ek holpen. Se kinne oant oktober belestingútstel oanfreegje en krije twa jier de tiid om harren belestingskuld ôf te lossen.
Neffens Fortuin is it in goed stipepakket, al is de krisis noch lang net oer. "Nee, we binne der noch lang net. We stean miskien noch wol oan it begjin. Dus wat dat oanbelanget wurdt it hâlden en kearen as it giet om wurkleasheid."
Ferslachjouwer Gerrit de Boer praat mei foarsitter Piet Fortuin fan it fakbûn CNV