Sander Arends nei dûbeldfinale challengertoernoai yn Praag
De Ljouwerter tennisser Sander Arends hat him mei David Pel pleatst foar de finale fan it challengertoernoai yn Praag, Tsjechië. Yn de heale finale fan it dûbeldspul wiene de Nederlanners mei 6-1 en 6-4 te sterk foar Hans Hach Verdugo (Meksiko) en David Vega Hernández (Spanje).
Arends en Pel treffe sneon yn de finale in de Sweed André Göransson en de Portugees Goncalo Oliveira. Sy wiene mei 6-3, 4-6 en 10-5 te sterk foar de Nederlanners Robin Haase en Botic van de Zandschulp.