Miranda Werkman makket searje oer de GGZ: "Taboetrochbrekkend"

Acht wiken sjocht programmamakker Miranda Werkman foar Omrop Fryslân nei de ferhalen fan de minsken efter de doarren fan GGZ Friesland. Fan Frjentsjer oant Dokkum, De Lemmer, Ljouwert en Boalsert komme pasjinten en helpferlieners yn byld. De searje Fan binnenút, ferhalen út de GGZ wei past Miranda as in jas. "Ik haw altyd wol ynteresse hân foar de psyche fan de minske. Ik woe earder óf maatskiplik wurker wurde, óf sjoernalist. Doe haw ik keazen foar de sjoernalistyk. It ferskil is eins net iens sa grut. Je leare in soad oer hoe't minsken yn elkoar stekke en je komme by in protte minsken thús. No komt it hiel moai by elkoar."
© Omrop Fryslân
Miranda Werkman komt fan Frjentsjer en is grut wurden mei it strjitbyld fan pasjinten fan de GGZ. Ek hat se yn har eineksamentiid as skjinmakster oan it wurk west yn de gebouwen fan GGZ Friesland. "De ferhalen fan de minsken makken doe al bot yndruk op my. De frou dy't my alle moarnen wer frege wat se no earst dwaan moast; ite, oanklaaie, dûse of nei har wurk ta gean. Alle dagen joech ik har itselde antwurd en dan waard se wer rêstich. Of it ferhaal fan de man dy't fertelde dat er it allegearre goed foar elkoar hie. Oant er syn frou ferlear. Ik sjoch him noch foar my, mei syn grutte hannen en drôvige eagen. Ik tocht; ja, dit kin elkenien oerkomme."
De rige 'Fan binnenút, ferhalen út de GGZ wei' is fan 31 augustus ôf alle moandeis te sjen by Omrop Fryslân. Fan 17.15 oere ôf, elk heal oere.
Wat wie nij foar dy by it meitsjen fan dizze rige?
"By it meitsjen fan dizze rige haw ik ek echt sjoen dat de helpfragen ûnder jongerein tanimme. Is dat omdat it tal minsken mei ûnbegrepen gedrach tanimt? Wurdt de pasjint yngewikkelder of heftiger, of feroaret de maatskippij? In konklúzje lûke is lêstich. Der is net ien goed antwurd."
© Omrop Fryslân
"It liket derop dat it byld fan de maatskippij bot feroare is. As immen oanjout in ein oan syn libben meitsje te wollen, dan moat dat hup, fuortendaliks oplost wurde. Fielst dy net gelokkich? Moat ek gelyk allegear oplost wurde. Ik ha no in pear kear heard fan minsken dy't sizze dat de problematyk en it pasjintbyld itselde binne, mar de maatskippij in oar ferwachtingspatroan hat. Der mei gjin romte wêze foar as it efkes net goed mei dy giet. Dan moatte je mar sa gau as mooglik in kursus dwaan, of workshops, om mar it bêste út jesels te heljen. Wêr't dat hinne giet, dêr meitsje ik my wolris soargen oer. Ik bin benijd hoe't de sjogger dêr tsjinoer stiet nei it sjen fan it programma."
De GGZ is in soad yn it nijs en net altyd posityf, hoe hast dy dêr yn opsteld?
"We ha de neiging om de klam te lizzen op wat der net goed giet, mar we kinne ek sjen litte wat der wol goed giet. Ek sjoernalistyk kinne we in soad dwaan oan dy byldfoarming. Dêrom woe GGZ Friesland sels ek foaral graach dat dizze searje der kaam. Sy sitte mei dat stigma, de foaroardielen, it byld dat minsken fan de GGZ ha dat faak net kloppet. It remmet soms sels de pasjinten yn harren herstel. Dy sjogge ek dat byld dat minsken ha fan de GGZ. Ien famke sei: 'ik wol net werkenber yn byld, want ik wol aanst ek noch gewoan in baan'. Mar in oare man woe júst wol yn byld syn ferhaal fertelle. Dy hie sa djip sitten en kin no mei glâns yn syn eagen fertelle hoe't de GGZ him holpen hat."
Al soe der mar ien thús op de bank sitte en tinke 'dat haw ik ek', of 'sa fiel ik my ek', dan hat it in bydrage levere.
Miranda Werkman oer de nije searje
"Dat dizze man syn ferhaal yn 't Frysk op telefyzje docht, iepen en bleat, fyn ik taboetrochbrekkend. Al soe der mar ien thús op de bank sitte en tinke 'dat haw ik ek', of 'sa fiel ik my ek', dan hat it in bydrage levere. Je hoege je der net foar te skamjen. It komt altyd earne wei. It is net sa dat je yniens flippe of it libben net mear oan kinne. Der sit altyd in opbou yn. Dus je kinne der hiel maklik oer oardielje, mar it hat altyd in reden. No binne foaroardielen net fan juster en ek ik haw se somtiden. Foaroardielen komme út de prehistoarje wei. Earder moasten de minsken dêr op ôf gean. Is ien goed of net, is dit de gefaarlike stam of binne it ús maten? Krekt as eangst is it hiel funksjoneel. Foaroardielen oarderje ek je wrâld. It is net per se ferkeard om foaroardielen te hawwen, mar je kinne der wol in soad minsken sear mei dwaan."
Hast dy ek ferdjippe yn ferlykbere programma's?
"Der binne wol mear searjes makke oer ynstellingen as GGZ Friesland, bygelyks op lanlike telefyzje troch Tygo Gernandt. Mar dy befêstigen just faak de foaroardielen. GGZ Friesland wol graach fan it stigma ôf, foar Omrop Fryslân in prachtige kâns efter de meastentiids sletten doarren te sjen. Ik hoopje dat it mear begryp en minder taboe foar helpferlieners en pasjinten opsmyt. It hielendal net ûngewoan is om help te freegjen of te krijen. It wie in yntinsive gearwurking en de draaidagen wienen ek pittich. Mei dizze kwetsbere doelgroep moatst it goede momint pakke, en sels ek goed oanfiele kinne hoe fier oft je gean kinne. Hoe't je binnenstappe is allesbepalend. Myn ferline by it GGZ hat my holpen dat goed te dwaan."
Hokker ferhaal is dy it meast bybleaun?
"Elk ferhaal yn de searje is bysûnder, mar wat ik foaral bysûnder fyn is dat de minsken sa moedich wienen dat se it fertelle en oanjaan koenen wêr't it weikomt. In feilich gesin en ûnbesoarge jeugd is sa belangryk, haw ik leard. Dat ik dat hie, fûn ik hiel gewoan. Ik wist net better. Mar doe't ik nei Zwolle gie foar stúdzje kaam ik mei in hiele oare scene yn oanrekking. Skiedingen, ferslaving, geweld, misbrûk. Ik haw myn âlders dêr letter foar betanke mei in brief, dat se my sa'n stevige basis jûn hawwe. En ek al heart dat fansels eins de gewoane gong fan saken te wêzen, it wol net sizze dat as je út in burgen gesin komme, dat je dan net yn oanrekking komme mei de GGZ. Der libbet mear efter de gewoanste doarren as wy witte mei ús allen."