UPDATE Problemen mei rappe fearboat Tiger fan Doeksen lykje oplost te wêzen

29 aug 2020 - 08:52

Opnij hat in rappe fearboat fan rederij Doeksen technyske problemen. De MS Tiger moast fanwege de problemen freed op ien motor nei de wâl yn Harns. Dêr steane technisy klear om ûndersyk te dwaan nei de oarsaak fan de steuring.

Sneltsjinst Tiger - Foto: Omrop Fryslân, Ronald van der Pol

It is neffens Doeksen noch net bekend wat de gefolgen dit hat foar de tsjinstregeling fan kommend wykein. Doeksen hat ek problemen mei de oare snelle boat, de Koegelwieck. Dy leit ek mei maleur oan de kant. Dêrtroch ferfalle der oant moandeitemoarn 22 ôffearten.

UPDATE SNEONTEMOARN:

De problemen mei de Tiger lykje oplost te wêzen, seit Annemieke van Brummelen fan Doeksen. Freedtejûn draaide de motor goed foar de wâl en sneontemoarn wurdt der proeffearn. As it goed giet, kin de Tiger wer yn de feart. Doeksen hat gjin kapasiteitsproblemen om de minsken oer te setten. De boekings op de Koegelwieck en Tiger kinne omset wurde op de gewoane boat, Dy fart dan wol minder hurd en dus sil oertocht langer duorje.

Annemieke van Brummelen, Doeksen

Trefwurden: 
Doeksen sneltsjinst MS Tiger
(Advertinsje)
(Advertinsje)