Strontwike giet net troch: te yngewikkeld

28 aug 2020 - 16:27

De Strontrace tusken Warkum en Warmond giet dit jier net troch. En dat jildt ek foar de oare eveneminten, dy't tagelyk mei de Strontrace organisearre wurde yn Warkum, yn de hjerstfakânsje, lykas it Beurtveer, de fiskerijwike, it muzykbarren Liereliet en it klompkesilen.

Sterke Jerke yn de Strontrace - Foto: Omrop Fryslân, Afke Boven

It is te yngewikkeld om alle eveneminten coronaproof te organisearjen, hat bliken dien. De ferienings dy't de ferskate eveneminten organisearje ha noch wol besjoen oft dy eveneminten apart fan elkoar op te setten wiene. Mar elk ûnderdiel fan de strontwike leunt ek op de sfear en de reuring fan de oare eveneminten. Dêrom is besletten alles nei takom jier te ferskowen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)