Weromrop: Sjoch hjir it slotkonsert fan Simmer 2000 werom

Yn it jier 2000 stie Fryslân yn it teken fan Simmer 2000, de grutte Friezereüny. Mei grutte eveneminten lykas de Slachtemaraton en it muzykspektakel Simmertime. Mar ek yn de doarpen waard fan alles organisearre. Dizze simmer sjogge wy alle sneonen werom op Simmer 2000. Mei in greep út de moaiste en nijsgjirrichste programma's, dy't op Weromrop te finen binne. Mei as lêste yn de rige de registraasje fan it slotkonsert.
It Slotkonsert Simmer 2000 waard opnommen op 22 july 2000 yn it FEC yn Ljouwert. Mei meiwurking fan De Kast, Rients Gratama, Piter Wilkens, Maaike Schuurmans, Albert Bonnema, Basic Bigband, De Bazuin en it NNO. 'It paad werom', 'De bugel fan Looft Den Heer' en it Simmer 2000-liet, se komme allegear noch in kear foarby.

Nije útfiering slotkonsert live te folgjen

Omrop Fryslân sil it slotkonsert fan Simmer 2000, SimmerTime, tweintich jier letter noch ris oerdwaan. Op sneon 29 augustus sille deselde artysten it SimmerTime op 'e nij útfiere. De Kast, Piter Wilkens, Albert Bonnema en Maaike Schuurmans komme dêrfoar nei Boazum. Sneon yn Fryslân is dêr live by, alles is foar eltsenien live te folgjen fan 13.00 oant 18.00 oere op radio en telefyzje by Omrop Fryslân.
Oant en mei 29 augustus wurde ek yn it radioprogramma Sneon yn Fryslân alle wiken oantinkens ophelle. Sneon yn Fryslân is tusken 13.00 en 18.00 oere te folgjen op radio en telefyzje.