Biddle: gjin twongen ûntslaggen yn Koatstertille

Der falle foarearst gjin twongen ûntslaggen by it fabryk fan Biddle yn Koatstertille. It bedriuw moat reorganisearje en dêrtroch geane der banen ferlern. Earder fan 'e wike drigen de fakbûnen mei aksjes, as de direksje net mei in goed sosjaal plan komme soe. De ûnderhannelingen dêroer hiene oant dan ta neat opsmiten.
In gebou fan Biddle yn Koatstertille © Google Street View
It Britske memmebedriuw fan Biddle seit no dat it op oare plakken binnen it bedriuw jild besparje kin, sadat twongen ûntslaggen op dit stuit net nedich binne. Der wurkje 64 minsken by it bedriuw yn Koatstertille. 12 oant 17 meiwurkers soene harren baan kwytreitsje.
Biddle makket fentilaasje- en klimaatsystemen foar bygelyks winkels, hotels en fabriken. It seach dy merk troch de coronakrisis foar in part ynstoarten.
De fakbûnen FNV en CNV binne bliid en ferrast dat der gjin twongen ûntslaggen falle. "Wij gingen er nog steeds van uit dat er in totaal 17 arbeidsplaatsen zouden vervallen, waarbij het nu uiteindelijk nog om 12 personen zou gaan. Dus dit nieuws is een verrassing, maar wij zijn er ontzettend blij mee", seit Wilma Nieveen fan de FNV. Der hoege gjin minsken mear fuort, omdat 5 wurknimmers frijwillich fuortgean.
Wilma Nieveen fan it FNV oer Biddle en Roderik Mol fan it CNV