Operaasje Fryske Flagge: Jacob Waslander fytst nei it wurk yn Washington

28 aug 2020 - 14:48

Fan alle lannen op ierde is fan de flagge in emoji, mar net fan de Fryske flagge. Om dêr feroaring yn te bringen, hat Omrop Fryslân de Operaasje Fryske Flagge betocht. De Fryske flagge moat yn de list fan emoji's komme, mar dat slagget ús net allinnich. Dêrom kinne Friezen om utens harren Fryske flagge op ús online wrâldkaart pleatse. Wa't dat al dien hat, is Jacob Waslander. Hy wennet yn Bethesda yn Amearika.

Foto: Jacob Waslander

Jacob Waslander wurket foar in grut ûndersyksynstitút, wêrfan't it haadkantoar yn Washington DC leit, flakby Bethesda. "Yn Nederlân wurke ik foar it ministearje fan Bûtenlânske Saken en hold ik my dwaande mei klimaat en enerzjy. Dat hat altyd myn ynteresse hân, de finansiering fan duorsumens. Doe kaam hjir in fakatuere en dêr ha ik op sollisitearre. Ik hâld my dwaande mei hoe't we de transysje nei in bettere planeet finansierje moatte."

Waslander en syn famylje ha al op hiel wat plakken yn de wrâld wenne. It befalt se goed yn Amearika. "We ha it hjir o sa nei it syn. It hat in prachtige natuer, it is hjir hiel noflik wenjen."

"Ik kom sels út Marsum, myn frou komt út Drinte. We ha ek altyd noch in hûs yn Drinte. Ien fan de bern is berne yn Switserlân, in oar hat in Amerikaansk paspoart en de tredde is berne doe't we ûnderweis wienen nei Maly. Mar se fiele har alle trije of komme se út Drinte. En we geane noch faak nei pake en beppe, dy't yn Fryslân wenje."

Wat sjogge we op de foto?

"Dat is it sintrum fan Washington", fertelt Jacob. "It is it paad dêr't ik del fyts nei myn wurk ta. It is de grutte as, dwerstroch Washington DC. De obelisk is it Washington Monument, it monumint foar George Washington, de earste presidint fan Amearika. Dêrachter, krekt net op de foto, stiet noch it monumint foar de Twadde Wrâldoarloch en ek noch it Capitol, it parlemintsgebou fan Amearika."

Jacob Waslander

Mei Operaasje Fryske Flagge sammelet Omrop Fryslân foto's fan Friezen om utens fan oer de hiele wrâld, om sa sjen te litten hoe ynternasjonaal de Fryske flagge is. It ultime doel is om foarinoar te krijen dat der in Fryske flagge-emoji komt.

Meidwaan? Stjoer dyn foto yn fia de Operaasje Fryske Flagge-side. Alle wiken belje we op yn ús radioprogramma De middei fan Fryslân mei in Fries om utens.

Al 130 ynstjoeringen binne op de kaart pleatst.

(advertinsje)
(advertinsje)