Buma slút loads en twa hûzen yn Ljouwert om drugs en munysje

28 aug 2020 - 14:23

Boargemaster Sybrand Buma fan Ljouwert hat twa hûzen en in loads ticht smiten fanwege drugs. De trije gebouwen, oan de Stationsweg, Eikenstraat en Apolloweg, moatte seis moannen ticht.

Foto: CAMJO Media

Op de Apolloweg, oan it bedriuweterrein op de Himrik, fûn de plysje op 18 juny hard- en softdrugs. It gong om goed 65 gram MDMA en 392 gram himp. Dêrnjonken waarden ek 300 stukken munysje oantroffen. By de ynfal wie minister Grapperhaus doe ek oanwêzich.

Yn it hûs oan de Eikenstraat fûn de plysje op 4 juny 45,54 gram MDMA. Der waard ek ferpakkingsmateriaal fûn en in skeal om te weagen. Fjouwer dagen letter fûn de plysje op de Stationsweg 11,2 gram kokaïne en 26,63 gram heroïne. Ek dêr waard ferpakkingsmateriaal fûn.

(Advertinsje)
(Advertinsje)