Gemeente Hearrenfean makke rekkenflater: strukturele tsjinfaller fan 2 miljoen euro

De gemeente Hearrenfean hat in fikse flater makke yn de finansjele administraasje. Dêrtroch krijt de gemeente in strukturele tsjinfaller fan sa'n 2 miljoen euro foar de kiezzen. It giet neffens de gemeente om in rekkenkwestje: struktureel en ynsidinteel jild binne trochinoar helle. Freedtemiddei wie der in parsekonferinsje op it gemeentehûs.
Rekkenflater gemeente Hearrenfean
Boargemaster Tjeerd van der Zwan hat oanjûn dat de gemeente tocht dat der jild útjûn wurde koe dat der eins net wie. De begrutting is dus te heech ynskatten. Dat betsjut ek dat de begruttingen foar de kommende jierren no oanpast wurde moatte. De flaters binne nei alle gedachten makke by de ynfiering fan it nije begruttingssysteem yn 2017. Fan dat monint ôf binne ferskate ynsidintele ynkomsten opnommen as struktureel. Dêrtroch like de gemeente fan 2020 ôf mear jild te hawwen as eins it gefal wie.
Om't wethâlder fan finânsjes Hans Broekhuizen (CDA) oer in pear wike fuortgiet - hy wurdt boargemaster fan de gemeente Twenterand - joech boargemaster Van der Zwan freed de taljochting op de finansjele problemen.

"Wy binne allegearre minsken"

It kolleezje fynt net dat der fuortendaalks in wethâlder ôfgean moat fanwegen de kwestje. De leden fiele de ferantwurdlikens, mar sy jouwe oan dat der dus gjin jild ferdwûn is. "Fouten zijn nooit uit te sluiten, we zijn allemaal mens. We zijn blij dat onze afdeling financiën de fout zelf heeft geconstateerd en dit onmiddellijk bij de directie heeft aangegeven," sa skriuwt de gemeente.
It gemeentehûs fan Hearrenfean © Omrop Fryslân, Sian Wierda
Meiwurkers fan de gemeente hawwe de flaters fûn by it opstellen fan de konseptbegrutting 2021. In eksterne partij hat dêrnei ûndersocht hoe't de tekoartkommingen krekt ûntstien binne en hoe grut dy binne. It kolleezje stelt oan de gemeenteried foar om no in probleemanalyze en advys opstelle te litten troch in eksterne adviseur.
Tafersjochhâlder provinsje Fryslân is ynformearre. De gemeente stie earder in skoft ûnder tafersjoch as artikel 12-gemeente. Op 1 septimber komt de ried byinoar foar in ekstra kommisjegearkomste om te praten oer de kwestje. De ried sil ek 2 miljoen snije moatte yn de begrutting fan 2021 om te foarkomnen dat Hearrenfean wer yn de reade sifers dûkt.
Ferskate leden fan de gemeenteried jouwe oan dat se 'bot skrokken' binne fan de finansjele tebeksetter. "Ik sit al 20 jier yn de gemeentepolityk, mar dit ha't noch noait meimakke", seit gemeenteriedslid Age Hartsuiker fan Heerenveen Lokaal. "It betsjut dat wy as ried besluten nommen hawwe op basis fan ferkearde sifers. Ik nim dat bysûnder heech op, want soks mei net foarkomme." Hartsuiker makket him ek wol soargen oer de gefolgen fan it strukturele tekoart. "It betsjut dat in soad saken dy't wy besluten hawwe mooglik wer op losse skroeven komme te stean." Hartsuiker wol him yn dat ramt sterk meitsje foar it 'fitaliteitsfûns' foar it opknappen fan doarpskearnen yn doarpen as Akkrum en Jobbegea. "Dêr meie we noait op weromkomme. Dan hawwe we in hiel grut probleem yn dizze gemeente."
Boargemaster Tjeerd van der Zwan oer de administrative flater
Gemeenteriedslid Age Hartsuiker oer de finansjele tekoarten