Freedsmerk oer de 1,5 meter: "De minister sil himsels ek wol in aso fine"

28 aug 2020 - 13:26

"De minister sil him no sels ek wol in aso fine." Dat wie ien fan de reaksjes op Ljouwerter freedsmerk oer de 1,5 meter-maatregel dy't mar dreech te hanthavenjen is. Ut foto's die ôfrûne bliken dat sels de minister fan Justysje Ferd Grapperhaus en ek ús keningspear harren net oan dy regel holden.

Foto: Omrop Fryslân, René Koster

"Opstappe, en wel direkt!", rôp ien lilk. Wylst in oar sei: "Ach, it binne ek minsken. Dit kin eltsenien oerkomme." Neffens ien fan de keaplju betsjut dit wol dat je tenei net mear mei goed fatsoen in boete útdiele kinne. "Hy lit sels sjen dat it wolris mis giet, dan kinne jo dat in oar net kwea ôf nimme." In Ljouwerter frou wie wie hiel direkt: "Dy lui doen mar wat se wille. Dan sêge se sorry en dan is 't weer klaar, mar Jan met de Pet krijt in dikke boete!"

Oaren wiene mylder: "Het blijkt dat het gemakkelijker is om in woorden te zeggen hoe het moet, dan dat ook echt in de praktijk te brengen." In heldere konklúzje fan in oar wie: "Ik gean der fanút dat net ien siik wurde wol en dat dus elts syn bêst docht."

Reaksjes op de Ljouwerter freedsmerk

(Advertinsje)
(Advertinsje)