Fraach nei coronatesten yn Fryslân nimt ta, mar de beskikberens nimt ôf

28 aug 2020 - 12:31

Der binne sûnt ferline wike 37 nije minsken posityf test op it coronafirus yn Fryslân. Dat binne der 20 minder as in wike earder. De fraach nei testen by reguliere testlokaasjes is wol tanommen, mei 20 persint. Ferline wike wiene dat der 3.400, dizze wike 4.100 testen. De fraach nei coronatesten nimt dus noch hieltyd ta.

GGD testlokaasje Brandemeer yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

"It is op himsels in goeie saak as eltsenien mei klachten him teste litte wol. Mar wy hawwe it fermoeden, miskien net hiel bot yn Fryslân, dat minsken sûnder klachten ek teste wolle. Dat is eins echt net de bedoeling. It testbelied is: echt allinne by klachten," seit Margreet de Graaf fan GGD Fryslân mei klam.

En dat is in kwestje fan solidariteit, jout sy oan. "Eltsenien hat wol troch dat der krapte is by de laboratoaria. It soarch- of ûnderwiispersoniel mei klachten komt der no miskien net troch of moatte lang wachtsje, en dy wolle wy just graach by de testlokaasjes hawwe."

Test inkeld by klachten: "It wisse foar it ûnwisse nimme, dat jildt net"

Der binne minsken sûnder klachten dy't tinke: ik wol wissichheid, ik lit my mar teste. "Mar it wisse foar it ûnwisse nimme, dat jildt net. Dat kin net. Je nimme eins in soarte skynfeiligens. Lykas mei in test om te sjen oft je yn ferwachting binne: as je te betiid binne, mjitte je noch neat. De útslach is dan noch net betrouber, mar minsken tinke dat wol. It hat écht gjin nut om te testen as je gjin klachten hawwe," seit De Graaf.

Boppedat is de betrouberens net sa heech as teste mei klachten. "It kin in falsk posityf wêze. Mar tink ek oan hoe besmetlik minsken binne dy't gjin klachten hawwe. As it giet om de bestriding fan it firus, giet it om it tsjingean fan oerdracht. It hâlden en kearen fan minsken, it foarkommen fan besmetten, is it meast wichtich. Sa bestride wy dit it meast effektyf. As der te min is en laboratoaria it net oan kinne, moatte de minsken mei klachten dus foar de minsken sûnder klachten gean."

Oerhevelje testmateriaal

En dan is ek nochris bekend wurden dat minister Hugo de Jonge mooglik testmateriaal fan regio's dêr't it rêstiger is, ferpleatse wol nei regio's mei mear besmettingen. "De minister hat it oankundige, mar wy hawwe noch gjin berjocht hân hoefolle it krekt is en wat it foar ús betsjut. As der in beslút nommen wurdt troch de minister, hawwe je er lêst fan. Mar je kinne der neat oan dwaan," jout De Graaf oan.

Margreet de Graaf fan de GGD

(Advertinsje)
(Advertinsje)