Langsweagen krijt plakette foar sân oarlochsslachtoffers

28 aug 2020 - 11:00

Der komt in plakette yn Langsweagen om oarlochsslachtoffers te betinken. Sân manlju, dy't berne binne yn it doarp, binne omkaam troch oarlochshannelingen yn de Twadde Wrâldoarloch of by polisjonele aksjes yn Ynje.

De Tsjerkeleane yn Langsweagen - Foto: Google Street View

De wurkgroep Monument Langezwaag hat him ferdjippe yn it ferrin en de betsjutting fan de Twadde Wrâldoarloch foar it doarp en de ynwenners. De wurkgroep bestiet út minsken fan it pleatslik belang, de tsjerke en de basisskoalle. Se kamen derachter dat sân manlju út Langsweagen omkaam binne yn de Twadde Wrâldoarloch en de oarloch yn Ynje.

De plakette is in earbetoan en in bliuwend oantinken oan de sân slachtoffers. De ûntbleating oan de Tsjerkeleane yn it doarp soe al op 3 april wêze, mar dat is troch de coronamaatregels ferpleatst nei 4 septimber. Boargemaster Ellen van Selm ûntbleatet it monumint, learlingen fan basisskoalle De Wjukslach lêze in gedicht en lizze in krâns, en de fanfare OKK Jonkerslân spilet it Taptoe-sinjaal.

(Advertinsje)
(Advertinsje)