Twa foarkarslokaasjes keazen foar nijbou yn Marrum

Gemeente Noardeast-Fryslân en it doarpsbelang meitsje plannen foar nijbou yn Marrum. Sûnt 2018 is der mearder kearen oerlein, mar de bouplannen leine al in skoft stil. Dat wylst der neffens in ûndersyk fan it doarpsbelang wol ferlet fan wenten yn Marrum is. De foarkar leit by twa lokaasjes: by de Sinnebuorren en noardlik fan de Easterstrjitte.
It doarp Marrum © Shutterstock.com (Tjis)
De folgjende stap is in plan fan oanpak om de helberens yn kaart te bringen.