Simmerblog: Simmer yn Penjum

28 aug 2020 - 17:05

Omrop Fryslân is de hiele dei yn Penjum. Yn dit lêste simmerblog fan dit jier in oersjoch fan alle ferhalen.

17:46
Tank!

Dat wie 'm. Acht wiken lang Simmer yn Fryslân sitte derop. Tige tank foar it folgjen en tank oan alle doarpen foar it meiwurkjen.

Besjoch de teleyzje-útstjoering:

17:34
In sfearfolle ôfsluter

We slute de acht wiken Simmer yn Fryslân by De Nije Trije, yn it túnkafee mei Lieske Giliam en Jan Nota. Dat is fan oarsprong in (beam)kwekerij, mar no fan alles en noch wat: plantewinkel en -kwekerij, minicamping, akkommodaasjes, deibesteging en reyntegraasje, en dus túnkafee.

Trûbadoer Jan Nota slút it ferhaal ôf mei wat muzyk. "It is in ferske dat útleit wêrom't der bobbels yn it bier sitte. It is freedtemiddei. Elkenien sjocht nei syn bierke en freget him ôf: hoe kin it no dat dy bobbels ûnder yn dat bier nei boppen geane."

Túnkafee mei muzyk en bier

Foto: Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek
16:58
De Penjumer Gouden Halsbân

Sa'n 1000 jier lyn is de Penjumer Gouden Halsbân omlein, in dyk eins om it hiele doarp hinne, oanlein troch in gearwurking fan de tsjerke, boargers en boeren. Dêrmei wie it doarp beskerme tsjin de see, dy't doe noch frij spul hie. By de grutte stoarmfloed fan 1825 bygelyks bleau Penjum hielendal sparre troch dizze wetterkearing.

It soarge der ek foar dat it lân binnen de dyk net fersilte troch it seewetter, en dus fruchtberder wie en dus rykdom oplevere! No hat de Halsbân dy funksje fansels net mear troch de seediken om de Fryske kust hinne. In jier as 10 lyn hat in groepke minsken, wêrûnder Paulus Groenendijk, de koppen by elkoar stutsen, omdat der net altyd like goed mei de dyk omsprongen waard. No is it in populêre kuierrûte fan sa'n 17 kilometer yn it rûn, hielendal om it doarp hinne.

Paulus Groenendijk

16:36
Sjonge mar!
Foto: Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek

By Pingpop yn it doarp kinne minsken fan alle leeftiden leare popmuzyk te meitsjen. De muzykstudio sit yn in tsjerke en wurdt rund troch trije Penjumers mei in soad muzikale ûnderfining: Emilie Blom, Mats Voshol en Monique Bakker. Dy lêste helpt ferslachjouwer Maaike van der Hoek om 'Nobody's Wife' fan Anouk te sjongen. "Anouk zingt met durf, dat is het leuke", seit Bakker. "En luid, niet zachtjes of verlegen. Het is dus heel belangrijk dat je ook niet verlegen zingt." Doe moast Maaike deroan leauwe: "It dak giet derôf! De tsjerke wurket goed mei."

Maaike van der Hoek krijt muzykles van Pingpop

15:28
Wynmûnen helpe it doarp
Foto: Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek

It doarp is goed dwaande mei skjinne enerzjy en sinne-enerzjy. In groepke entûsjastelingen hat him yn de jierren 90 ynset om in wynmûne by it doarp te krijen om sels enerzjy op te wekken. Nei hiel wat tûkelteammen kaam de doarpsmûne der yn 1994. Fan de opbringst koene der hiel wat aardige dingen yn it doarp dien wurde, bygelyks foar de muzykferiening, de keatsferiening en it jeugdhonk.

"It past ek wol"

Yn 2000 kaam der in ferbod op solitêre mûnen en de doarpsmûne oan de râne fan it doarp moast ôfbrutsen wurde. Mar de stichting woe trochgean en hat no in oandiel yn in parkje mei fjouwer grutte turbinen by Wytmarsum. Ein 2008, nei 8 jier striid, draaide de earste fan fjouwer turbinen op in 78-metermast, de heechste fan Fryslân. En dat wie dus net samar klear, mar neffens Doeke Odinga went it wol. "It past ek wol. Je binne as boer ek altyd dwaande mei foarútgong en oare dingen te besykjen, dat heart der ek by. Der wie ek in soad tsjinstân tsjin de fjouwer mûnen. Mar doe't se der stienen en tolve lytseren wiene fuort, seine de minsken: it falt net iens ôf."

Mei it jild dat St. Dorpsmolen opsmyt, komt der in flinke finansjele ynjeksje foar it doarp: de sinnepanielen op it dak fan de skoalle en de gymseal binne troch harren bekostige en dêrmei binne se enerzjyneutraal wurden. Ek keatsferiening Jan Reitsma yn it doarp wurdt stipe troch de mûnen.

De ien helpt de oar

14:48
Lanlik ferneamde pizzeria

De pizzeria fan Penjum is ferneamd yn hiel Nederlân, nei't der yn 2016 yn loovjende resinsje yn de NRC ferskynde. Se ha de 'perfect dunne pizza' en de 'beste pizza die hij (de resinsint, red.) in jaren in Nederland at'. Dêrnei gie it hurd, en folgen alderhande artikels en resinsjes fan (kulinêre)blêden en kaam der in run op de pizzeria.

It geheim

It geheim fan Ed Ydema en syn frou Marjet? "We wurkje safolle mooglik mei produkten fan de streek", fertelt er. "De measte grienten komme hjir fan de klaai. Alle fisk komt fan it Waad." Yntusken is de pizzeria ek 'hot' by hippe en trendy minsken út de Rânestêd, dy't bygelyks nei Oerol efkes omride oer Penjum at se fan de boat komme.

"We ha it behoarlik drok. As it waar it talit, dan draaie we bêst. Foar 2016 hiene we it ek al frij drok, mar nei dy resinsje yn it NRC noch folle mear."

Ed Ydema en Jeen yn de keuken

14:06
Alles yn ien

Yn Penjum ha se in skoalle en in doarpshûs yn itselde gebou, dat hielendal rund wurdt troch frijwilligers. De basisskoalle hat noch mar 27 learlingen en trije juffen dy't de kombinaasjeklassen les jouwe. As skoallen minder as 23 learlingen ha, moatte se ticht. Spannend dus foar de Penjumers. "Mar we binne hiel posityf", seit juf Etsje de Vries. "We dogge der alles oan om bestean te bliuwen. Ast yn de doarpen om de omkriten sjochst, dêr binne ek net safolle iepenbiere skoallen yn de buert. We wolle ek noch graach wat bern derby ha. Der binne gelokkich aardich wat pjutten, en hoe't it liket, komme de measten wol nei dizze skoalle."

It befalt De Vries sels yn alle gefallen goed. "It is fantastysk om foar sa'n lytse skoalle te stean. Ik bin hjir no foar it fyfde jier, it is allegear sa mei-elkoar. Fan groep 1 oant en mei 8, elkenien boartet mei-elkoar."

Alle jûnen fol

Yn it gebou sit dus net allinnich de skoalle: ûnder itselde dak sit ek it doarpshûs. "De gymnastykseal foar de skoalbern wurdt ek brûkt troch de follybalferiening en sels troch de harmony, as dy in foarstelling jout", seit Nynke Arendz, foarsitter fan it doarpshûs De Nije Bân. "Us doelstelling is om te fasilitearjen foar alle ferieningen en allegear aktiviteiten. Buten coronatiid sitte we eins alle jûnen wol fol."

Juf Etsje de Vries en doarpshûsfoarsitter Nynke Arendz

12:44
Cats Old Car Factory

Ferslachjouwer Maaike van der Hoek sjocht har eagen út by Jan Cats. "Dit is in enoarm grutte loads", fertelt se. It is de Cats Old Car Factory. Jan is altyd dwaande mei it opknappen en sleuteljen oan de âlde auto's en yn Penjum hat er syn loads dêr't alles útstald stiet en dêr't er dwaande is. "It is in bytsje in gesellich museum, fan alles wat. Auto's, ûnderdielen, ferkearsljochten." Jan hopet noch hiel âld te wurden, want hy is noch lang net klear mei alles.

Wat syn frou derfan fynt? "Se komt hjir sa no en dan ek, dan skoddet se mei de holle: 'jonge, bist net wiis'. Dus ik leau dat ik wat mear oandacht foar har ha. In toertochtje wol se wol graach."

Cats Old Car Factory

11:37
Skûltsjerkje
Doeke Odinga by de skûltsjerke - Foto: Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek

Yn de (doe) katolike tsjerke fan Penjum wie Menno Simons yn 1524 kapelaan. Hy stapte lykwols út de katolike tsjerke en wie de grûnlizzer fan de Mennoniten. Se mochten wol in eigen tsjerkje ha, mar it mocht oan de bûtenkant net sichtber wêze, dêrom hjit it ek 'skûltsjerkje', de Fermane.

Noch altyd is it tsjerkje in soarte fan beafeartsoarde foar menisten fan oer de hiele wrâld. It tsjerkje is om 1600 hinne boud. De ynrjochting is hiel ienfâldich, banken yn de rûnte foar de 'broeders', stuollen yn it midden foar de 'zusters', in preekstoel en in lessener foar de foarsjonger. It tsjerkje is yn hannen fan de Stichting Menno Simons. Doeke Odinga jout dêrfoar gewoanwei rûnliedings foar toeristen. "It tsjerkje is no even ticht. Omdat it hiel lyts is, kinne je elkoar hast net passearje yn it gonkje. Dus mei corona kin dit net."

Doeke Odinga by de skûltsjerke

11:15
Eigen limoncello

Doarpskafee De Hollandse Kus is eins gjin doarpskafee mear. Eigeners Judith en Hans Trappenberg neame it no in proeflokaal foar har eigen selsstookte dranken. "We zijn een beetje met pensioen", fertelt Judith. "Maar dit is altijd een hotelcafé geweest. Dit is er al vanaf 1832." Hans makket no ûnder oare bier, likeur en bearenburch. Én de eigen limoncello, dy't se leverje oan de pizzeria yn it doarp.

Kafee De Hollandse Kus

11:12
Even skoft foar ús ferslachjouwers
10:35
Sintrum fan de fjildslach

Yn de lêste dagen fan de oarloch is it raar gong yn Penjum, fertelt doarpshistoarikus Johan Sieswerda. "Penjum hie in strategyske funskje: de Dútsers woene de ôftocht oer de Ofslútdyk beskermje. Se ha dêrom hjir twa dagen sitten, om de Kanadezen te fertragen. De Dútsers ha sein: we bliuwe hjir, we geane hjir net wei. Yn oare doarpen yn de buert, lykas Wytmarsum, Arum en Kimswert, wiene gjin Dútsers mear te bekennen. mar hjir lei it sintrum fan de fjildslach."

It giet om 16 en 17 april 1945, dat wiene traumatyske dagen foar de ynwenners fan doe. "Der binne seis boargers by omkaam. Ek noch 46 Dútsers en ien Kanadees. Mar net allinnich dat: nei de befrijding lei it hiele doarp yn pún, alles wie stikken. It hiele doarp moast weropboud wurde."

Penjum yn de oarloch

9:40
Ald doarp

Johan Sieswerda is dé doarpshistoarikus fan Penjum. Dat komt fan syn foarâlden, dy't út it doarp komme. "Sy ha de namme Sieswerda yn dy tiden ek registrearje litten by Napoleon."

Penjum is in âld doarp, kin Sieswerda fertelle. "Der binne fynsten út terpen, lykas in byldzje út Romeinske tiid. Dus it is seker 2000 jier âld. It wie hjir in flakte, in kwelderrêch. Tusken Penjum en Kimswert en Arum lei in slinke. Minsken sykje it altyd wat hegerop. Sa kaam der in terp en ynienen wie der in doarp. Hoe lang dat allegear lyn is, witte we net krekt. Mar it earste wat bekend is, komt út de Romeinske tiid en letter fan Karel de Grutte."

Libben doarp

It doarp is no bekend fan keunstners dy't benammen fan bûten komme, fertelt Sieswerda. Mar it wie in hiel libben doarp, mei de middenstân. We hiene slachters, bakkers, in smid, trije benzinepompen. No is dat oars, sa giet dat no yn lytse doarpen. We ha noch in pizzeria en in doarpskroech."

Johan Sieswerda

9:30
Wolkom!

Wolkom yn dit lêste simmerblog fan dit jier. Simmer yn Fryslân is yn Penjum. Ferslachjouwers Arjen Bosselaar en Maaike van der Hoek dogge de hiele dei ferslach.

Tongersdei wie Simmer yn Fryslân yn Rotsterhaule, Sint-Jânsgea en Reahel. Dat kinst hjir neilêze.

Foto: Omrop Fryslân

Dit is de lêste wike dat de ferslachjouwers fan Omrop Fryslân in toer meitsje troch de provinsje. Acht wiken lang strutsen se del yn ferskate doarpen en stêden yn Fryslân. Op omropfryslan.nl/simmer is te sjen wêr't se allegearre al west ha.

Jûn om 17.15 oere, en dêrnei om 'e healoere, is Simmer yn Fryslân op telefyzje te sjen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)