FIDEO: Fine de leppelbekken it paad werom nei de Banaan?

De Banaan, in daam yn de foarm fan in banaan dy't foar de Stevinsluzen by Den Oever leit, is al jierren in populêr briedplak foar leppelbekken. Ferline jier siet hjir noch in koloanje mei wol hûndert fan dizze bysûndere fûgels. Yn it kader fan de renovaasje fan de Ofslútdyk is ek dizze daam ôfrûne winter oanpakt en ferhege. Om de leppelbekken op de Banaan te behâlden is de âlde begroeiïng fan de daam bewarre en opnij oanbrocht.
Fine de leppelbekken it paad werom nei de Banaan?
No is de fraach oft de fûgels it paad weromfine nei de daam. Boskwachter Leon Kelder en adviseur ekotechnyk by Rijkswaterstaat Sophie Lauwaars geane op ûndersyk út.
De kommende fjouwer jier ûndergiet de Ofslútdyk in flinke ferbouwing. De dyk wurdt fersterke en ferhege om Nederlân ek yn de takomst te beskermjen tsjin it seewetter. Yn 32 reportaazjes, likefolle as it oantal kilometers fan de Ofslútdyk, fertelle Omrop Fryslân en NH Media it ferhaal fan it ikoanyske bouwurk troch de eagen fan de minsken dy't alle dagen mei de dyk te meitsjen hawwe. Alle ferhalen en it oare nijs oer de Ofslútdyk is te finen op ús temaside.