Henk Veerman werom by SC Hearrenfean: "Ik had direct een goed gevoel"

Henk Veerman komt werom by Sportklup Hearrenfean. De spits tekenet freed in kontrakt foar trije jier. Twa jier lyn gong er nei Sankt Pauli yn Hamburg, dêr't hy yn de twadde Bundesliga spile. Hy woe graach werom nei Hearrenfean: "Toen ik hoorde dat Gerry Hamstra nog op zoek was naar een spits, zei ik: ik ken er nog wel eentje."
Henk Veerman werom by SC Hearrenfean
Nei't Veerman kontakt socht, wie it gau klear. "Het balletje is toen gaan rollen en we waren er vrij snel uit. Ik heb hier een ontzettend mooie tijd gehad, dus dan wil je wel terug. Ik had een goede band met de supporters. Ik was hier altijd gelukkig."
Hearrenfean naam Veerman yn 2015 oer fan FC Volendam. Hy spile trije seizoenen by SC Hearrenfean, benammen as ynfaller. Hy kaam 108 wedstriden yn aksje en skoarde 21 kear.
Henk Veerman © Martin de Jong Fotografie
Yn 2018 gong Veerman nei Sankt Pauli. Dêr rekke er yn syn earste seizoen swier blesearre: yn desimber 2018 skuorde hy syn foarste krúsbân ôf. Yn totaal spile er 38 wedstriden en skoarde er 17 kear yn de twadde Bundesliga. "Het waren twee fantastische jaren, maar de afstand naar Nederland was voor mij en m'n gezien hartstikke moeilijk. Er waren meerdere clubs uit Nederland die interesse toonden, maar ik had een goed gevoel bij Heerenveen. Meteen al."
Neffens Dútske media betellet Hearrenfean sa'n 1,5 miljoen euro foar Veerman, dy't freed direkt meitraint. Hy stiet saterdei yn de basis yn de oefenwedstriid tsjin VfL Osnabrück. Dy wedstriid is om 17.00 oere en wurdt live útstjoerd op Omropfryslan.nl en de Omrop-app.
Sjoch hjirûnder nei it folsleine ynterview mei Henk Veerman:
Henk Veerman