Kollum: "De omslach"

28 aug 2020 - 08:24

"En ynienen wie it hjerst! Offisjeel noch net, mar sa fielt it al. De Kelten hiene eartiids op 1 augustus al it jierfeest Lughnasadh om de oerfloed fan de natuer en it begjin fan de hjerst te fieren. Earlik sein slút dat ek better oan by myn belibbing as 22 septimber.

Hilda Talsma - Foto: Omrop Fryslân

De toan fan Hilda Talsma

Mei de hjitteweach haw ik min slept, mar dêr koe ik my reedlik mei rêde. It wie boufak en de sinne joech my ek wol krêft, sels yn it skaad. It libbe noflik, benammen moarns betiid en jûns let, mar nei de safolste brodzige nacht wie ik der eins wol klear mei.

It waar sloech doe ek om. Myn systeem is dan altyd efkes yn 'e war en dat komt neffens my omdat de omslach sa grut is. Wy geane hjir gauris fan 'e winterjas nei de bikiny en no fan de bikiny nei de reinjas en súdwester. De dagen koartsje dizze perioade ek wer yn mar dat fyn ik wol gesellich.

Dochs wie de enerzjy yn de atmosfear ynienen hiel oars en dat hat syn wjerslach op my. Moandei wie ik sa min as pudding en tiisdei koe ik de iene foet amper mear foar de oare krije. Ik seach der al tsjinoan om mei de hûnen te rinnen en doe't ik thúskaam moast ik suver bykomme. De fersoarging fan de bisten en de húshâlding giet altyd troch en ik kin mysels reedlik goed in skop ûnder de kont jaan. As de moter ien kear oangiselet, dan bliuw ik wol yn beweging mar wat it skriuwen oanbelanget is it in oar ferhaal.

It is in geastlik proses wat ek de nedige enerzjy kostet mar dat kin ik spitigernôch net ôftwingje. Tiisdei siet ik efter de kompjûter te stressen omdat de wurden net meiwurkje woene wylst ik fan doel wie it kadoboek ôf te meitsjen. It iennichste dat my yn 't sin skeat wie: 'Ik bin sa min as pudding!' Doe bin mar op bêd gien en haw ik my deljûn. En ek al wie it my eins net nei't sin, it hat wol holpen.

Woansdei gie it alwer wat better. Neffens my komt it ek om't it hûs ôfkuolle is en ik nachts better sliep. Mar dêr't wy in wike lyn noch besochten te sliepen mei de doarren en ruten iepen, leit der no alwer in ekstra tekken op bêd en hie ik it gefoel as koe de houtkachel hast wer oan.

De rein is goed foar de natuer en de wyn blaast alle waarmte fuort. It is net foar ivich simmer en myn ferstân begrypt soks hiel goed. It liif is dêrtsjinoer in oar ferhaal. Myn fuotten fine it freeslik om nei wiken op slippers en bleate fuotten rûn te hawwen, wer sokken en skuon oan te dwaan en de spikerbroek fielt as in korset.

Grutte oergongen yn it waar en de oergongen nei de seizoenen hawwe mear ynfloed op minsken as wy tinke. Hjoed-de-dei steane wy dêr net altyd mear by stil om't wy te folle tinke en minder fiele. Faak komt it ek net goed út om lamliddich te wêzen en dêr oan ta te jaan want it tempo leit heech. Gauris té heech foar myn gefoel.

Ik fiel my mear thús by it Keltyske jiertsjil mei de acht jierfeesten dy't wichtige wikselingen yn de seizoenen oanjouwe. Wa't hjir neat fan begrypt en my in eamelpûde fynt, hat hjoed pech. Mar ast dy hjir yn werkenst: jou it de tiid en jou dy del. Ast nei dyn gefoel harkest, dan komt it wol wer goed. Sa haw ik de earste panne pompoensop al wer sean en it smakke poerbêst!"

Trefwurden: 
De Toan fan Hilda Talsma
(advertinsje)
(advertinsje)