Earsterwâlde wol winkelsintrum better op de kaart sette

It doarp Easterwâlde set yn de hjerst útein mei it útfieren fan de plannen om it winkelsintrum op de kaart te setten. Undernimmers, eigeners fan winkelpannen en de gemeente Eaststellingwerf besykje mei in reklameburo it sintrum oantrekliker te meitsjen. Der is in kampanje opset mei de slogan: "Winkelhart Oosterwolde, gewoon dichtbij." Ek is der in feriening foar fêstgoed-eigeners yn it winkelgebiet opset.
De Stationsstraat yn Easterwâlde © Omrop Fryslân, Sian Wierda
De gemeente wol graach de foarsjenningen yn Easterwâlde op peil hâlde. Dêrom sil Eaststellingwerf lykas de ûndernimmers en winkeleigeners meibetelje oan de kampanje.