Gondelfeart Aldeboarn bestiet 75 jier: gjin gondels, mar wol wurdearring

It hie in bysûnder jier wurde moatten foar de Gondelfeart yn Aldeboarn. It evenemint, dat op de lêste freed fan augustus gewoanwei tûzenen minsken nei it doarp lûkt, bestiet 75 jier. Mar doe kaam it coronafirus. Alle festiviteiten binne dêrom ôfsein. Dochs wol it bestjoer it jubileumjier net hielendal yn stilte foarby gean litte.
Gondelfeart Aldeboarn 75 jier
Foarsitter Johannes Nijdam fertelt dat it beslút al op 'e tiid nommen wie. "Sawat in wike foar't it regear bekend makke dat soks definityf net mear mocht, hawwe wy besletten de stekker der út te lûken. Wy seagen it al net mear sitten. Der komme mear as 10.000 besikers elts jier. En no ek nochris in jubileum. Wy hawwe besletten om it mar in jier letter te dwaan en it op te skowen. Sa hoege wy ek gjin risiko's te rinnen foar de finânsjes."

In oade oan 75 jier Gondelfeart

Leuk is it lykwols net. "Oars binne wy de hiele wike yn aksje," seit foarsitter Nijdam. Dat is no wol oars. "Mar freedtejûn hawwe wy wol wat te fieren, dus der moat noch wol wat barre. Wy hiene in tal dreamen foar it 75-jierrige jubileum. Twa dêrfan kinne noch trochgean, dus dy litte wy útkomme. Freedtejûn is der in ûntbleating yn it doarp, in kado fan it bestjoer fan de Gondelfeart oan it doarp. In oade oan 75 jier Gondelfeart." Wat dat krekt is, hâldt Nijdam noch efkes geheim.
De gondelfeart yn Aldeboarn lûkt oars in soad publyk © Omrop Fryslân, Sian Wierda
It doarp fertsjinnet wurdearring, fynt Nijdam. "De gondels wurde boud troch de buerten. Wy hawwe 26 buerten. Yn trochsneed dogge der 13 of 14 gondels mei it jier. En wy hawwe fansels it doarp fersierd en de buertkampen. Dus it hiele doarp is moannen foar de Gondelfeart al yn 't spier. Mar no is it wat in deade boel."

Spesjaal boek

Njonken de ûntbleating yn it doarp is der ek noch in boek makke. "Wy hawwe in jubileumboek skriuwe litten troch in âld-foarsitter fan de Gondelfeart. Dat wurdt freedtejûn útrikt oan de boargemaster en sneon wurdt it boek by alle minsken delbrocht. It binne ferhalen fan de Boarnsters oer wat de Gondelfeart foar harren betsjut. De bewenners sels oan it wurd. Mar de gearkomste is foar minsken dy't nûge binne," seit Nijdam. Foar it grutte publyk folgje alle festiviteiten fan it jubileum dus noch.
De Doelhôftsjerke yn Aldeboarn mei de gondelfeart © Omrop Fryslân, Sian Wierda
Foarsitter Johannes Nijdam fan de Gondelfeart Aldeboarn