Tennisser Sander Arends nei heale finale yn 'coronabubbel' op Prague Open

Tennisser Sander Arends hat mei David Pel de heale finale helle fan it challengertoernoai yn it Tsjechyske Praag. De Ljouwerter en Pel wiene yn de twadde ronde mei 7-6 (8) en 7-6 (3) te sterk foar de Oekraïner Denys Molchanov (nr. 94) en de Frânsman Arthur Rinderknech (nr. 195).
Sander Arends en David Pel © Frans Arends
Ferline wike wie der ek al in challengertoernoai, it op ien nei heechste tennisnivo, yn Praag. De ATP wol it reizgjen fan de spilers fanwegen it coronafirus sa folle mooglik beheine. Op dat toernoai giene Arends en Pel al yn de earste ronde ûnderút. De 18-jierrige Tsjech Jiri Lehecka (nr. 439) en syn 19-jierrige lângenoat Tomas Machac (nr. 771) wiene doe ferrassend mei 7-5 6-3 te sterk.

Nije kâns

Arends en Pel, dy't sels respektyflik it 78e en it 99e plak ynnimme op de wrâldranglist, koene by harren twadde kâns yn Praag de earste ronde dus wol trochkomme. Op woansdei wûn it as fjirde pleatste duo mei 6-4 en 6-3 fan de Kanadees Steven Diez (nr. 380) en de Rus Teimuraz Gabashvili (nr. 147).
De 28-jierrige Fries nimt it freed mei syn maat yn de heale finale op tsjin de Meksikaan Hans Hach (nr. 121) en de Spanjert David Vega Hernandez (nr. 110).