Junokade yn Ljouwert wurdt nachts ôfsletten fanwegen oerlêst carmeetings

De Junokade yn Ljouwert wurdt fan freed ôf jûns en nachts ôfsletten. Op freedtejûn komme geregeld tsientallen autoleafhawwers byinoar op de kade. Ofrûne wiken waard dêrby troch besikers net genôch ôfstân holden, boppedat wie der geregeld sprake fan lûdsoerlêst.
De Junokade yn Ljouwert © Google Street View
Ferskate boetes en in brief fan de boargemaster mei in lêste warskôging oer de coronamaatregels hienen gjin resultaat.
De kade wurdt oant novimber alle dagen fan 19.00 oere oant 06.00 oere ôfsletten. Bedriuwen oan de Junokade bliuwe wol berikber.